Springe nei ynhâld

Grutte Australyske Bocht

Ut Wikipedy
Grutte Australyske Bocht
De kust fan 'e Grutte Australyske Bocht.
De kust fan 'e Grutte Australyske Bocht.
geografy
type wetter rânesee
lokaasje súdkust fan Austraalje
lân Austraalje
steat Súd-Austraalje
West-Austraalje
koördinaten 33° S, 130° E
ûnderdiel fan Súdlike Oseaan
sifers
maks. lingte 1.160 km
maks. breedte 350 km
oerflak 45.822 km²
djiptegemiddelde 1.473 m
djipste punt ±6.000 m
kaart
Grutte Australyske Bocht (Austraalje)
Grutte Australyske Bocht
De lokaasje fan 'e Grutte Australyske Bocht foar de kust fan Austraalje.

De Grutte Australyske Bocht of Great Australian Bight is in rânesee yn it suden fan Austraalje.

De Australyske Hydrografyske Tsjinst sjocht dit wetter as in ûnderdiel fan 'e Súdlike Oseaan, mein in súdgrins dy't rint fan Kaap Pasley yn West-Austraalje nei Kaap Carnot yn Súd-Austraalje, in ôfstân fan 1.160 km. De Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje definiëarret de Grutte Australyske Bocht lykwols as in diel fan de Yndyske Oseaan, mei as súdgrins in tinkbyldige line fan West Cape Howe yn West-Austraalje oant de Súdwestkaap yn Tasmaanje.

Yn 1627 wie de Nederlânske ûntdekkingsreizger Thyssen de earste Europeaan dy't de bocht besocht; yn 1802 waard it wetter en syn kust yn kaart brocht troch Matthew Flinders en yn 1841 waard it lân oan de Bocht ferkend troch Edward John Eyre.

De kust fan de Grutte Australyske Bocht hat as skaaimerken de hege kliffen, lytse strannen en rotsplaten.