Petrustsjerke (Piterbuorren)
Petrustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Piterbuorren | |
koördinaten | 53° 23' N 6° 27' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Sint-Piter | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 15e iuw | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 14557] (tsjerke) 14558] (toer) | |
Webside | ||
Side Pitertsjerke | ||
Kaart | ||
De Petrustsjerke yn Piterbuorren yn de Grinslânske gemeente It Hegelân is in goatysk tsjerkegebou út 'e earste helte fan 'e 15e iuw.
Skiednis
Piterbuorren dûkt yn in oarkonde út 1371 foar it earst op as de porrochiani sancti Petri in nova terra (Sint-Petrusparochy yn it nije lân). Nei alle gedachten hat der doe al in tsjerkje of in kapel stien, mar yn alle gefallen stie yn 'e krekt efkes noardwestlik fan de hjoeddeiske tsjerke yn dy tiid wol in letromaanske toer.
It âldste diel fan 'e tsjerke is it ferhege, trijesidige koer, dat krekt lykas it leger boude skip yn 'e 15e iuw boud waard. Oan it begjin fan 'e 17e iuw waard de tsjerke grutter makke mei in noardlik dwersskip, sadat de plattegrûn T-foarmich waard. Fanwegen brekfalligens moast de frijsteande toer oan it begjin fan 'e 19e iuw ôfbrutsen wurde. Tusken 1805 en 1808 waard yn opdracht fan Goosen Geurt Alberda, jonker op de boarch Dyksterhûs, de tsjintwurdige toer mei in dûbele lantearne oanboud. In gevelstien yn 'e toer betinkt de bou. In oanbou fan de toer waard as finzenis fan it doarp brûkt.
Ynterieur
Wat fuort opfalt yn 'e tsjerke is it tige rike ynterieur. Nei de foltôging fan 'e toer yn 1808 waard ek de ynrjochting tusken 1806 en 1830 opknapt. Alhoewol't de preekstoel op 1785 datearre wurdt, is it doopstek yn dat tiidrek fernijd. Yn dy tiid krige it dwersskip nije banken, dy't taskreaun wurde oan Anthonie Walles. Ek it fykwurk yn de triomfbôge tusken it koer en it skip is begjin 19e-iuwsk en it wurk fan Antonie Walles. Tusken de guirlandes binne oan de iene kant in foarstelling fan it âldtestamintyske offer fan Abraham en oan de oare kant de nijtestamintyske Samaritaanske frou by de put te sjen. De rokoko nachtmielstafel yn it koer stamt ek út dy tiid.
Yn it koer stiet de hearebank foar de bewenners fan de boarch Dyksterhûs. De bank is makke troch timmerman Allert Meijer en houtfiker Jan de Rijk en datearret fan 1707-1716. Oan 'e foarkant is in foarstelling fan Herkules te sjen. Under it koer leit de grêfkelder fan boarchbewenners Oda en Focko ten Dijcke, dy't yn 'e 15e iuw byset waarden. Dêrnei binne der noch in soad oare bewenners fan 'e boarch yn 'e kelder byset; foar it lêst fûn der in bysetting yn 1845 plak. Yn it midden fan 'e flier is in stien mei it wapen fan de famylje Alberda oanbrocht, dy't it langst op de boarch wennen. De bewenners fan 'e boarch hiene in eigen tagong ta de tsjerke yn it koer. Tusken de finsters hingje fiif grutte roubuorden. It âldste rouboerd waard yn 1613 makke en is fan de geuzelieder Diederik Sonoy (1529-1597). De oare buorden binne riker fike en 18e- en 19e-iuwsk.
De tsjerke hat twa liedklokken. De grutte klok waard yn 1553 getten troch Antonius de Borch. De lytsere klok is ôfkomstich út de tsjerke fan Wierhuzen, dat nei de Krystfloed fan 1717 weifage waard. De tige skeinde tsjerke fan Wierhuzen waard letter ôfbrutsen en de klok (it saneamde zoep’mbrij-klokje om't it op iterstiid let wurdt) ferhûze doe nei de Petrustsjerke.
Oargel
Yn 'e jierren 1696-1699 boude Arp Schnitger in ienmanualich oargel mei acht registers yn 'e tsjerke. Dat oargel bleau goed twa iuwen yn de Petrustsjerke, mar ferhûze yn 1901 nei de Herfoarme tsjerke fan Mensingeweer. De tsjerkfâlden fan Piterbuorren woene in grutter oargel, mar wol deselde foarm. De fike boarstwarring mei it leaze rêchposityf bleaune yn 'e tsjerke fan Piterbuorren. Leichel boude in pneumatysk ynstrumint mei 14 registers ferdield oer haad- en boppewurk. It pedaal is oanhongen.
-
Koer mei roubuorden -
Oargel -
Triomfbôge
-
Preekstoel -
Hearebank en nachtmielstafel -
Rouboerd Sonoy
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|