Springe nei ynhâld

Diederik Sonoy

Ut Wikipedy
Diederik Sonoy
politikus
Diederik Sonoy makker: Alexander Ver Huell (1822-1897)
Diederik Sonoy
makker: Alexander Ver Huell (1822-1897)
bertedatum 1529
berteplak Kalkar
stjerdatum 2 juny 1597
stjerplak Piterbuorren
Steedhâlder fan Inkhuzen
amtsperioade 1572
Gûverneur fan it Noarderkertier (Hollân)
amtsperioade 1572-1588

Diederik Sonoy, ek Diederik Snoey of Diederick van Sonoy (Kalkar (hartochdom Kleef), 1529 - Pieterburen, 2 juny 1597) wie in geuzelieder.

Hy wie in soan fan Lambrecht Snoy († 11 septimber 1529), beliend mei it goed Sniddelaar yn Leusden, en Emerantiana Pauw van Darthuizen (5 augustus 1510 - 7 juny 1550, Kalkar).

De ealman Diederik Sonoy tsjinne ûnder de Habsburchske lânhearen Karel V en Filips II. Yn 1566 wie er ien fan de ûndertekeners fan it Smeekskrift fan de Eallju oan de lânfâdesse Margaretha fan Parma.

Yn april 1568 hie Willem fan Oranje him ferbûn mei de wettergeuzen en oan Sonoy en oaren kommisje jûn. Oan de mûning fan de Iems en op de kust moasten sy de ûndernimming (sjoch ek Slach by Hilligerlee) fan greve Loadewyk fan Nassau stypje. Dat rûn út op de Seeslach op de Iems.

Yn 1572 waard Sonoy steedhâlder fan ûnder oaren Inkhuzen en noch itselde jier beneamde Willem fan Oranje him ta gûverneur fan it Noorderkwartier (1572-1588). In jier letter lieten de geuzen oanfierd troch Sonoy de omkriten fan Alkmaar ûnder strûpe en dêrtroch mislearre it belis fan Alkmaar troch de Spanjerts. In skoft dêrnei ferlearen de Spanjerts de Slach op de Sudersee ek noch.
Yn dy snuorje fierde Sonoy in skrikbewâld oangeande de katoliken en wie er ferantwurdlik foar de dea fan ûnder oaren de martlers fan Alkmaar en de martlars fan Ransdorp.

Rouboerd Sonoy yn de Petrustsjerke fan Piterbuorren

Sonoy gie yn it bûn mei de Ingelske protector Robert Dudley, greve fan Leicester. Nei't dy yn 1587 twongen waard de Nederlannen te ferlitten, bleau Sonoy him fersetten tsjin de Steaten fan Hollân en West-Fryslân. Nei it Belis fan Medemblik troch it leger fan prins Maurits gyng Medemblik by ferdrach op 29 april 1588 oer oan de Steaten en rekke Sonoy syn macht kwyt.
Fanwegen eardere fertsjinsten en nei bemiddeling troch keninginne Elizabeth I fan Ingelân krige er alle jierren in pensjoen fan 1000 pûn fan de Steaten fan Hollân.

Ut syn houlik mei Maria van Malsen hie er in dochter, Emmerantia. Letter troude Sonoy mei jonkfrou Johanna de Mepsche en yn 1594 lutsen se by Emmerantia yn dy't fan 1582 ôf troud wie mei Luurt of Luiert Manninga, hear fan Dijksterhuis.
Trije jier letter stoar Diederik Sonoy op de boarch Dijksterhuis ûnder Piterbuorren. Hy waard beïerdige yn de Petrustsjerke fan Piterbuorren. Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg wie by de begraffenis oanwêzich. Nei Sonoys dea waard it stoflik omskot fan syn oarehelte nei de tsjerke oerbrocht. [1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: