Michaeltsjerke (Mensingeweer)
Michaeltsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Mensingeweer | |
koördinaten | 53° 21' N 6° 27' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Sint-Michael | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 24004 (tsjerke) | |
Webside | ||
Side PKN Liens-Mensingeweer | ||
Kaart | ||
De Michaeltsjerke is in tsjerkegebou yn Mensingeweer yn 'e provinsje Grinslân. It is in ienfâldige sealtsjerke út de 13e iuw. De toer is letter oanboud en 17e- of 18e-iuwsk. De tsjerke is eigendom fan 'e PKN-gemeente Liens-Mensingeweer.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't skriftlike boarnen ûntbrekke, wurdt der oannommen dat de tsjerke yn 'e 13e iuw ûntstien is. Yn 'e 14e iuw foarme Mensingeweer ien parochy mei Maarslag, werfan de tsjerke yn 1811 ôfbrutsen waard. De tsjerke is boud mei grutte kleastermoppen. Nei it bepleisterjen yn 1842 is fan it oarsponklike mitselwurk allinne noch op de earste ferdjipping in fragmint fan bline nissen mei dekoratyf mitselwurk te sjen.
Unwis is it oft de tsjerke ea stiennen ferwulften hân hat. Yn 'e 18e iuw krige de tsjerke in nije kapkonstruksje. Doe is nei alle gedachten ek it balkeplafond ferfongen troch it hjoeddeiske houten tonferwulft.
Sûnt 1955 is de tsjerke ferneamd nei de aartsingel Michael.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De preekstoel fan de Michaeltsjerke stamt út 1743. Yn it middenpaad en de dooptún lizze in pear âlde sarken. Mooglik binne ûnder de kalklagen fan 'e binnenmuorren noch muorreskilderings út de roomske tiid.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan 'e ferneamde oargelbouwer Arp Schnitger waard oarspronklik yn 1698 boud foar de Petrustsjerke yn Piterbuorren. It oargel hie acht registers en krige in pear jier letter in oanhongen pedaal fan Johannes Radeker. It fykwurk foar de oargelkas waard levere troch houtfiker Jan de Rijk.
Yn 1901 woene de tsjerkfâden fan Piterbuorren in nijmoadrich oargel en sa is it oargel yn Mensingeweer telâne kommen. It oargel hie yn 'e Petrustsjerke in leas rêchwurk, dat mei de boarstwarring efter bleau en net mei ferhûze. By de weropbou yn Mensingeweer krige it in nije wynfoarsjenning en in nij leas rêchwurk, dat lykwols by de restauraasje fan de tsjerke yn 2003 ferwidere waard.
By de lêste restauraasje troch Mense Ruiter yn 2010-2011 bleaune de troch oargelmakker Lohman yn 1867 útfierde feroarings yn 'e disposysje hanthavene.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|