Jehannestsjerke (Britsum)
Jehannestsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Britsum | |
adres | Greate Buorren 1 | |
koördinaten | 53° 15' N 5° 47' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | ± 1250 | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 24525 [1] | |
Webside | ||
PKN Britsum-Koarnjum-Jelsum | ||
Kaart | ||
De Jehannestsjerke is de herfoarme tsjerke fan Britsum yn 'e gemeente Ljouwert.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De romaansk-goatyske Jehannestsjerke datearret likernôch út 1250. Net wis is oft de tsjerke oarspronklik wijd wie oan de hillige Jehannes, oan Bartoloméus of faaks oan Us Leaffrou. De tsjerke is út bakstien oplutsen en hat in redusearre westwurk. De toer is ynboud, en toer en tsjerke rinne troch koepeleftich, oerbôge sydromten yn inoar oer.
Yn 'e toer hingje twa klokken. De lytste is yn 1507 getten troch Jehannes. Op 'e klok komt de namme foar fan Hero, de soan fan Petrus, dy't dêr doe fikarus (sis mar kapelaan) wie. De grutte klok út 1664 waard getten troch de Ljouwerter klokkejitter Jurjen Balthasar. Op 'e klok steane de wapens en titels fan 'e Britsumer pommeranten út dy tiid; ek de namme fan Gosewyn (Goasse) fan Coehoorn, de heit fan Menno van Coehoorn, stiet derop.
De preekstoel is út de 17e iuw en ek steane der yn 'e tsjerke noch twa hearebanken út de 17e en 18e iuw. Fierders binne der noch âlde grêfstiennen en in grêfkelder út 1639.
Restauraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Jehannestsjerke wie lange tiid yn minne steat. Tsjerke en toer waarden yn 1875 hielendal ommitsele en foar in part bepleistere. Yn 1975 wie de sitewaasje sa min dat der in restauraasjeplan kaam, mar dêr wie gjin jild om it plan út te fieren. Yn 1980 waard de tsjerke eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken, mar ek doe koe er noch net daalks restaurearre wurde. Yn 1989 waarden needkonstruksjes oanbrocht, en yn 1990 waard begûn mei de tariedings fan de restauraasje. By dy risselwaasjes waarden yn de tsjerke ferskate fresko's ûntdutsen.
Yn 1992 waard úteinset mei it wurk oan 'e toer fan de tsjerke; de tsjerke sels folge yn 1993/1994 en de fresko’s binne fan 1997 ôf restaurearre. Ek it ynterieur waard restaurearre, dat it duorre oant 2002 ear't de tsjerke wer iepen gie. De fresko's, mei de bysûnder kombenaasje fan de aartsfaars en de lijenswei fan Kristus binne tsjintwurdich te besichtigjen.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1861 boude Willem Hardorff in oargel yn 'e tsjerke mei 16 registers, ferdield oer haadwurk, boppewurk en oanhongen pedaal. De Violin 8 waard yn 'e rin fan 'e tiid troch in Quint 3 ferfongen, mar fierder hawwe der gjin feroarings west. By de restauraasje fan it oargel yn 2019 waard it ynstrumint yn 'e oarspronklike disposysje werom brocht en de Violin 8 ferfongen troch in nije Quint 3.[2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|