Grifformearde tsjerke (Britsum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
grifformearde tsjerke
De âlde grifformearde tsjerke fan Britsum.
De âlde grifformearde tsjerke fan Britsum.
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Ljouwert (gemeente).png Ljouwert
plak Britsum
adres Stedpaed 23
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1859 (âlde gebou)
1968 (nije gebou)

De grifformearde tsjerke is it tsjerkegebou fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân yn Britsum, yn it eardere Ljouwerteradiel (no ûnderdiel fan 'e gemeente Ljouwert).

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1834 oant 1844 stie yn 'e herfoarme Jehannestsjerke fan Britsum de rjochtsinnige dû. S.S. Tromp. Doe't dy einlings fuortwurke waard, moast der in nije dûmny komme. De frijsinnige floreenplichtigen woene doe, yn tsjinstelling ta in grut part fan de Britsumers, dat der ien fan de nije rjochting kaam. Dat waard dû. S. Hoitsma.

Hoitsma foldie de otterdoksen lykwols net en dêrom waard der yn 1851 in evangelisaasje stifte. Foargonger waard Jan Hendriks Maatjes. Dy wie ek evangelist op It Bilt. In grut part fan de leden fan evangelisaasje hie sympaty foar de ôfskaten. Yn 1862 gie de evangelisaasje sadwaande oer nei de Ofskieding. Maatjes waard yn 1863 talitten as ôfskate dûmny. Hy hat net lang yn Britsum stien. Yn 1865 naam er in berop yn Bunskoat oan.

Tsjerkegebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1859 waard der oan de Liuwe Jellemastrjitte yn Britsum in gebou setten foar de evangelisaasje. Dat waard yn 1862 in folweardige tsjerke. Dizze âlde grifformearde tsjerke waard ferskate kearen útwreide en bleau oant 1968 yn gebrûk. Doe't it tal grifformearden oanwoeks, is der dat jiers lykwols in nije tsjerke boud oan it Stedpaed, dy't de namme fan 'De Hoekstien' krige. It âlde gebou waard doe ferkocht en krige in bedriuwsbestimming.

It oargel fan 'e grifformearde tsjerke fan Britsum is omtrint 1910 boud troch de fa. L. van Dam & Zonen út Ljouwert. It waard yn 1968 oerpleatst nei de nije tsjerke en restaurearre troch de fa. Pels & Van Leeuwen út Alkmar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: