Springe nei ynhâld

Alvestêderider

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 aug 2023 om 20.19 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Sa, dat kranteknipsel is lang tusken wâl en skip rekke, mar it is dochs noch goedkommen.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Alvestêderider
keunstwurk
Alvestêderider
Alvestêderider
bysûnderheden
jier 1966
keunstner Auke Hettema
materiaal brûns/natoerstien
plak Ljouwert
lokaasje Fryslânplein

De Alvestêderider is in stânbyld yn Ljouwert en wurdt ek wol Iisfretter neamd. [1]

Sûnt 1909 wurdt, as it iis it talit, de Alvestêdetocht ferriden. Dy tocht oer natoeriis giet lâns de alve Fryske stêden. Yn septimber 1963 krige mr. A.A.M. van der Meulen, boargemaster fan Ljouwert in skealmodel oanbean fan in byld fan in Alvestêderider. It wie in geskink fan de Koöperative Kondinsfabryk Fryslân (CCF), dy 't syn 50-jierrich bestean fierde. It oerlangjen wie yn de Prinsetún, dêr 't tagelyk in eksposysje iepene waard fan de byldhouwers Auke Hettema en Auke de Vries. [2][3] Hettema makke it byld, dêr 't Reinier Paping, winner fan de Alvestêdetocht fan 1963, model foar stie.

De plastyk waard yn brûns getten by brûnsjitterij Binder en Schmidt. Nei in suggestje fan de hear Hoogland, foarsitter fan de Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden waarden op de sokkel de nammen fan de winners byskreaun. [3] It byld waard op 12 desimber 1966 ûntbleate troch Reinier Paping, yn oanwêzigens fan ûnder oaren ferskate âld-winners, lokoboargemaster Tiekstra en ôffurdigen fan de CCF en de Friesche Elf Steden. It byld kaam by de Fryslânhal te stean mar krige dêrnei meardere kearen in oar plak. Sûnt augustus 2015 stiet it op it Fryslânplein by de Alvestêdehal. In foarstúdzje fan it byld heart ta de kolleksje fan it museum 'Bylden oan See'.[4]

It brûnzen stânbyld toant in manljusfiguer ta fuotten út. De man is ridend ôfbylde, mei syn lichem nei foaren ta bûgd, de hannen op de rêch en mei de redens ûnder.

Op de sokkel fan Italjaansk natoerstien steane ûnderoan de nammen fan de Fryske alve stêden: Ljouwert, Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hynljippen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer en Dokkum.

Op de sydkant is in ynskripsje oanbrocht dy 't nei elke offisjele Alvestêdetocht bywurke wurdt. Dêrop steane de datums en winners fan de tochten sûnt 1909: Minne Hoekstra, Coen de Koning, Karst Leemburg, Abe de Vries, Sipke Castelein, Piet Keijzer, Auke Adema, Cor Jongert, Dirk van der Duim, Sjouke Westra, Sietze de Groot, Jan W. van der Hoorn, Jeen van den Berg, Reinier Paping, Evert van Benthem en Henk Angenent. De Koning, Adema en Van Benthem ha de tocht twa kear wûn, harren nammen binne dan ek twaris byskreaun. By 1956 waard allinnich de datum opnomd, der waard dat jier gjin winner oanwiisd.

Yn 2021 besocht de Feriening De Fryske Alve Stêden jierren fan efterstelling fan froulju goed te meitsjen en waard besletten om ek de froulike winners fan 'e Alvestêdetocht mei weromwurkjende krêft erkenning te skinken. Stienhouwer Harry Hutting (de soan fan Alvestêdetochtwinneresse Wopkje Hutting-Kooistra) krige dêrom opdracht om oan 'e oare kant fan 'e Alvestêderider as wêr't de nammen fan 'e manlike winners ynkurven binne, de nammen fan 'e winneressen (ûnder wa syn mem) te gravearjen.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mens & Dier in Steen & Brons: Elfstedenrijder of Iisfretter
  2. "Condens gaf gemeente Elfstedenrijder", Ljouwerter Krante, 10 septimber 1963
  3. 3,0 3,1 "Gemeente kreeg van de CCF 'Elfstedenrijder'", Ljouwerter Krante, 11 septimber 1963
  4. Beeldenpark De Havixhorst
  5. Broers, Edwin, Elfstedenvrouwen erkend, yn: de Ljouwerter Krante, 17 augustus 2021, s. 21.