Science fiction
Science fiction (SF) is in sjenre dat benammen foarkomt yn literatuer en film. Letterlik oersetten yn it Frysk betsjut de term "wittenskiplike betinksel" en dêrmei is it eartiids ek begûn, nammentlik as in besykjen om yn 'e takomst foarút te sjen troch natuerwittenskiplike ûntdekkings te ekstrapolearjen en dat by de minske ûnder de oandacht te bringen.
Ien fan 'e earste science fiction-skriuwers yn de moderne sin wie Jules Verne. Ynearsten lei de klam hiel bot op nije ynsjoggen en ûntdekkings, grutte technologyske ûndernimmings en wûnderlike útfinings; letter kaam in tiidrek dêr't "aliens" (yntelliginte bûtenierdske wêzens) yn 'e belangstelling stiene.
Yn 'e science fiction is faak in tendins waar te nimmen om oare mooglike maatskippijen te beskriuwen, dêr't de skriuwer foar himsels de frijheid nimt troch oare yntelliginte soarten of oare planten sà del te setten en de dingen sà yn te rjochtsjen dat it risseltaat plausibel is. Goede science fiction is meastentiids konsistint, it ferhaal stekt logysk yninoar.
Yn 'e film is de science fiction noch grutdiels stykjen bleaun yn dingen dy't yn 'e SF-literatuer fan de jierren fjirtich en fyftich gongber wie, de saneamde 'space opera', karakterisearre troch flugge romteskippen, in protte bûtenierdske wêzens mei gauris minne bedoelings, laserkanonnen en romteslaggen. Letter kamen dêr de tiidreizgjen (nei de takomst of it ferline) by. Fral de special effects, mooglik makke troch avansearre kompjûtertechnologyen, joegen de regisseurs fan 'e SF-films net eardere kende mooglikheden harren films 'oan te klaaien'. Dêrby wurdt de elemintêre fysika almeast fergetten: fijannige romteskippen tongeren yn 'Star Wars' foarby nettsjinsteande it loftliddige tusken de skippen dêr't gjin lûd te hearren wêze kin.
Yn 'e tsjintwurdige literatuer is der ek grutte oerlaping mei oare sjenres en dan benammentlik fantasy. Ek komt oerlaping mei it horror- en it thriller- of detektivesjenre foar.
Bekende SF-skriuwers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Douglas Adams
- Isaac Asimov
- Alfred Bester
- Lois McMaster Bujold
- Arthur C. Clarke
- C.J. Cherryh
- Philip K. Dick
- Stephen R. Donaldson
- Philip José Farmer
- Harry Harrison
- Robert A. Heinlein
- Frank Herbert
- James Patrick Hogan
- Ursula K. LeGuin
- Fritz Leiber
- Julian May
- Larry Niven
- Jack Vance
- Jules Verne
- A.E. van Vogt
- Kurt Vonnegut
- H.G. Wells
- Robert Silverberg
- Theodore Sturgeon
- John Wyndham
- Roger Zelazny
Bekende SF-films en -filmsearjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]