Springe nei ynhâld

Boelensloane

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 jun 2023 om 12.22 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Skiednis nochris neisjoen. Gjin idee wer't it ferhaal oer Boelens (1725) weihelle is, mar Gildemacher is hiel dúdlik oer de komôf fan de namme en dy hâld ik oan. It ûnstean fan Surhústerfean heart hjir net, it folstiet dat B-loane in buorskip wie fan S.-fean. De sin 'fersprate bebouwing út 1844' > wie dy bebouwing dan yn ien jier dêr delset? En sa noch in pear dinkjes.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Boelensloane
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Achtkarspelen
Sifers
Ynwennertal 1.200 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 7,03 km², wêrfan:
- lân: 7,03 km²
- wetter: 0,00 km²
Befolkingsticht. 173 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 09'N 6° 08'E
Lokaasje Boelensleane (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Lokaasje Boelensleane (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Offisjele webside
FB-side Boelensloane
Kaart
Boelensloane (Fryslân)
Boelensloane

Boelensloane is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen, súdwest fan Surhústerfean.

Boelensloane hat 1.200 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

De namme Boelensloane waard yn 1899 foar it earst neamd en ferwiist nei de famylje Boelens, dy't in state hie yn Bûtenpost (Grut Skepper) en yn de krite in soad grûn besiet. De famylje levere ek ferskillende grytmannen yn Achtkarspelen.[3] De haadwei fan it doarp wie ynearsten in sânpaad.

Boelensloane wie eartiids in heidegebiet yn it doarpsgebiet fan Surhústerfean en ûntstie as doarp pas yn de 19e iuw. It gebiet waard ynearsten Surhústerfeanske heide of Feansterheide neamd. De earmoede wie grut en de earmsten wennen yn plaggehutten en hoalen.

De yn 1852 boude herfoarme tsjerke

Yn 1852 waard der in herfoarme tsjerke boud en stadichoan ûntstie der út de fersprate lytsere delsettings in lintbebouwing. Pas oan it begjin fan de 20e iuw waarden der yn it ramt fan de Wenningwet stiennen hûzen boud.

It sosjalisme krige yn dy tiid in soad oanhing yn Boelensloane. Foar de tsjerke oer lieten de sosjalisten yn 1933 in Folksgebou delsette, dêr't de arbeiders harren ferheffe koene.[4] It gebou bleau oant 1976 iepen.

Yn de Twadde Wrâldkriich kamen fiif ynwenners fan Boelensloane om troch besjittings, by it besykjen om te flechtsjen of yn 'e konsintraasjekampen. Ta harren neitins en de twa slachtoffers fan Houtigehage is in plaquette oan de eardere herfoarme tsjerke oanbrocht.[5]

Om 1960 hinne is besocht om de namme Boelensloane om te setten yn Boelensfean, mar dat is der net fan kommen. Troch de nijbou hat it doarp dat earder bestie út streekjes huzen en fersprate bebouwing wat mear in buorren krigen.

De Smoutte

Boelensloane hat sûnt 2012 in doarpshûs, dat De Smoutte hjit. Pleatslik Belang ynformearret de bewenners mei de doarpskrante Nijs fan 'e Loane.

De ynwenners op 'e Loane wurde tradisjoneel foar heidemannen útmakke.[6]

De Wikipedy hat ek in side Wite Tsjerkje (Boelensloane).
De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Boelensloane).

De herfoarme tsjerke út 1852 waard yn 1980 sletten en docht hjoed-de-dei tsjinst as aula fan 'e begraffenisferiening. It Wite Tsjerkje wurdt brûkt troch de Fuortsette Grifformearde Tsjerke.

Gearwurkingsskoalle De Wâldiik

Der is ien skoalle: de gearwurkingsskoalle De Wâldiik. Dy skoalle is ûntstien troch in fúzje yn 2013 fan de eardere kristlike skoalle De Stile en de eardere iepenbiere skoalle de Jan van Zuilenskoalle.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1970 1973 1999 2008
Ynwenners 1621 1481 1412 1263 1223 1186 1143
Jier 2015 2020
Ynwenners 1138 1199

Doarpswapen en flagge

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boelensloane ûntstie yn de tiid fan de turfwinning. It wapen is keperfoarmich trochsnien fan read en goud, mei oer alles hinne kruse twa stikken turfstekkersark: in stekker en in oplizzer mei de stâle nei ûnderen ta; in griene skyldfoet beladen mei in sulveren roas. It read ferwiist nei de heide en de striidberens fan de befolking, wylst it goud de sângrûn foarstelt. De griene skyldfoet is in ferwizing nei De Wâlden. De roas dêryn is ûntliend oan it famyljewapen Boelens.

Wite Tsjerkje

Alle strjitten yn Boelensloane.

Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Busline fan ferfierder Arriva:

Publikaasje (s)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Siebe Bos, Jan Post, Ines Pultrum "Later is vroeger niet mooier" (1991)
  • Martinus Jongsma en Jaap Jongejan "Twa doarpen op 'e heide (2020)"
Pleats Boelenswei 6

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Friese Plaatsnamen, K.F. Gildemacher, side 44
  4. PvdA Achtkarspelen
  5. 4en5mei.nl
  6. AFUK list út de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy fan P.H. Breuker.

Achtkarspelen
Doarpen en útbuorrens:
BoelensloaneBûtenpostDroegehamGerkeskleasterDe HarkemaKoatstertilleStynsgeaStrobosSurhústerfeanSurhuzumTwizelTwizelerheide
Buorskippen:
BlauforlaetBlauhûsBuwekleasterDykhuzenHamsherneKoartwâldDe KoatenKûkherne (foar in part)De Lêste StoerLytsepostOphûsReahelReaskuorreSurhuzumer Mieden
· · Berjocht bewurkje