Tienhoven (Stichtske Fecht)
Tienhoven | ||
Grifformearde Tsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Stichtske Fecht | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.775 (2021)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 3612 | |
Koördinaten | 52° 10' NB, 5° 5' EL |
Tienhoven is in doarpke yn de gemeente Stichtske Fecht, yn de provinsje Utert. It doarp hat 1.775 ynwenners (2021).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In stik lân, grut tsien hoeven (flaktemjitte) waard yn 1243 troch Herman fan Maarssen oan it kapittel fan de Piterstsjerke fan de stêd Utert ferkocht. Yn 1811 waard de eardere hearlikheid Tienhoven in gemeente dy't yn 1812 mei Oud-Maarsseveen, Nieuw-Maarsseveen en Breukeleveen gearfoege waard ûnder de namme gemeente Tienhoven. Lang duorre dy sitewaasje net, want yn 1818 waard Maarsseveen in selsstannige gemeente en waard Tienhoven fannijs beheind ta syn âlde grûngebiet. Yn 1957 waard de gemeente Tienhoven opheft en by Maarssen yndield, dy't yn 2011 yndield yn de nije gemeente Stichtske Fecht.
Beëasten it doarp stiet de eardere poldermole De Trouwe Waghter út 1832.
Sport en rekreaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp leit oan de Europeeske kuierrûte E11, yn it doarp ek wol Marsekreammerpaad neamd. De E11 rint fan De Haach nei it easten, op dit stuit oan de grins fan Poalen mei Litouwen ta. Fierders hat Tienhoven in fuotbalferiening, csv VIOD (Vooruitgang Is Ons Doel).
Ryksmonuminten by Tienhoven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mole "De Trouwe Wachter". Wipwettermole, boud ± 1835, restaurearre 1970 52°10'19"NB, 5°5'32"EL
- Houten Stuw ier 20e-iuwsk 52°10'19"NB, 5°5'32"EL
- Omwâle ierdwurk by it fort Tienhoven 52°9'44"N, 5°1'48"EL
- Fortwachterswente 52°9'41"NB, 5°1'45"EL
- Langhûs "Vredegoed" mei skuorre, tagongsstek 52°9'30"NB, 5°5'33"EL
- Militêr wachtgebou út 1848-1850 (yn it fort) 52°9'43"NB, 5°1'48"EL
- Pleats mei teekoepel út 1902 52°9'33"NB, 5°5'28" EL
-
noardkant
-
westkant
-
eastkant
-
Alde rjochthûs
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tienhoven fan Wikimedia Commons. |
Stichtske Fecht | ||
---|---|---|
Doarpen: Breukelen • Kockengen • Loenen oan de Fecht • Loenersloot • Maarssen • Maarssenbroek • Nieuwersluis • Nieuwer Ter Aa • Nigtevecht • Oud-Zuilen • Tienhoven • Vreeland | ||
Buorskippen: Bethunepolder • Kerklaan • Maarsseveen • Molenpolder • Mijnden • Nieuwerhoek • Nieuw-Maarsseveen • Oud-Maarsseveen | ||
· · |