Christoph Sanders
Christoph Sanders | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Christoph Sanders | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 21 april 1988 | |
berteplak | Arden (Noard-Karolina) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
jierren aktyf | 2000 – no | |
offisjele webside | ||
www.christophsanders.net |
Christoph Sanders (Arden (Noard-Karolina), 21 april 1988) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmakteur. Hy hat benammen bekendheid krigen troch syn rollen yn 'e tillefyzjesearjes Ghost Whisperer en Last Man Standing.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sanders waard yn 1988 berne yn Arden, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina, en groeide op yn it deun dêrby leine Hendersonville. Syn ûnderwiis krige er thús fan syn mem, dat oant de puberteit gie er nea nei skoalle. Wol siet er op in fuotbalklub, folge er fanôf syn njoggende aktearlessen en wied er lid fan 'e paadfinerij. Nei't er twa jier lang tekenlessen folge hie en syn talittingseksamen ta de Universiteit fan Noard-Karolina te Wilmington helle hie, besleat er om ynstee in aktearkarriêre nei te stribjen.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin dy tiid hie Sanders al ferskate jierren lid west fan it toanielselskip YouTheater fan it Flat Rock Playhouse, de steatsskouboarch fan Noard-Karolina. Hy spile û.m. yn produksjes fan A Christmas Carol, The Lion, the Witch and the Wardrobe en Bye, Bye, Birdie. Fierders wied er fan syn tolfde oant syn sechstjinde te sjen yn ferskate reklamespotsjes op 'e tillefyzje.
Yn 2006 makke Sanders syn debút op it wite doek mei in lyts roltsje yn Talladega Nights: The Ballad of Ricky Bobby, in film dy't fierhinne opnommen waard yn en om Charlotte hinne. Net lang dêrnei hied er in folle gruttere rol yn 'e kontroversjele film Hounddog, wêryn't Sanders syn personaazje yn 'e sêne dêr't de hiele film om draaide, in jong famke ferkrêfte, spile troch de doe tolvejierrige Dakota Fanning. Sanders sei letter dat er dy rol pittich fûn, al bea it him wol de kâns om syn aktearfermogen sjen te litten. Oer de ferkrêfting (dy't yn Amearika nochal wat stof opwaaie liet) seid er: "Dat wie mar ien part fan 'e film. Sokke tragyske dingen barre yn it echte libben eltse dei, en ik wol leauwe, as dizze film wat mear minsken de eagen iepenet, dan is it it mear as wurdich."
Yn jannewaris 2007 ferfear Sanders nei Los Angeles, dêr't er hope en krij mear mooglikheden om himsels mei syn aktearjen te ûnderhâlden. Binnen in fearnsjier wist er in rol yn Family of the Year yn 'e wacht te slepen, in pilotôflevering foar in tillefyzjesearje, mar de produsint seach neitiid fan it meitsjen fan 'e searje ôf. Nei noch in pear moanne krige Sanders in rol yn 'e film Legally Blondes en teffens wist er de rol fan Ned Banks te bemachtigjen dy't er fan 2008 oant 2010 yn 'e fantasytillefyzjesearje Ghost Whisperer spile.
Yn 2011 waard Sanders cast yn 'e rol fan 'e knoffelige en bleue winkelbetsjinde Kyle Anderson, yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing. Yn dy hoedanichheid hie û.m. Tim Allen, Nancy Travis, Héctor Elizondo. as tsjinspilers. Yn it earste seizoen krige Kyle Anderson in relaasje mei de âldste dochter fan syn baas (Tim Allen), spile troch Alexandra Krosney, mar neitiid besleaten de produsinten om dat hja âlder wêze moast om in memmiger útstrieling te hawwen. De waard dy rol oernommen troch Amanda Fuller en de relaasje mei it personaazje fan Sanders waard út 'e searje skreaun. Letter krige syn personaazje in relaasje mei de middelste dochter fan syn baas, spile troch Molly Ephraim. Last Man Standing wie in grut súkses, en rûn úteinlik tsien jier lang, oant yn 2021. Sanders regissearre ek ien ôflevering fan 'e searje, te witten Love & Negotiation.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sanders omskriuwt himsels as ien dy't graach bûtendoar omslaan mei. Syn grutste leafhawwerijen fine dan ek allegear yn 'e iepen loft pleats: kuierjen, kampearjen en surfen. Hy kin ek goed itensiede.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
2006 | Talladega Nights: The Ballad of Ricky Bobby | pizzabesoarger | |
2007 | Hounddog | jonge fan Wooden | |
2009 | Legally Blondes | Brad | |
2010 | Lies in Plain Sight | Christian | |
2018 | Big Kill | Jim Andrews | |
2020 | Faith Based | Hoyt | |
tillefyzje | |||
2007 | Family of the Year | Mark Anderson | pilotôflevering |
2008–2010 | Ghost Whisperer | Ned Banks | weromkearende rol yn seizoen 3, fêste rol yn seizoen 4–5 |
2010 | Pair of Kings | Tristan | gastrol; ôfl. Big Kings on Campus |
2011 | CSI: Crime Scene Investigation | Kurt Dawson | gastrol; ôfl. Turn On, Tune In, Drop Dead |
2011–2021 | Last Man Standing | Kyle Anderson | fêste rol; ek regisseur fan 'e ôfl. Love & Negotiation |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Christoph Sanders
- (in) Folsleine filmografy fan Christoph Sanders yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|