Alexandra Krosney

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Alexandra Krosney
Filmklapper.png akteur
Alexandra Krosney 2012 bysnien.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alexandra Benjamin Krosney
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 28 jannewaris 1988
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
gjint

Alexandra Krosney (folút: Alexandra Benjamin Krosney; Los Angeles, 28 jannewaris 1988) is in Amerikaansk tillefyzje-, film- en stimaktrise, dy't benammen bekend wurden is troch har rol yn 'e komeedzjerige Last Man Standing.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krosney, dy't yn 1988 berne waard, is hikke en tein yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Mei fjirtjin jier sette se yn 2002 útein mei in karriêre as aktrise, wêrby't se benammen yn searjes en tillefyzjefilms spile.

Sa hie se gastrollen yn searjes as Without a Trace, E.R., Crossing Jordan, NCIS, Criminal Minds, CSI, Bones en Lost. Foar de tekenfilmrige Transformers: Prime wurke se as stimaktrise. Fierders spile se û.m. yn 'e tillefyzjefilms Read It and Weep (2006), Shredderman Rules (2007) en The Last Day of Summer (2007), en yn 'e koarte film The Pinhole Affect.

Krosney krige bekendheid by in breder publyk doe't se yn 2011 cast waard yn 'e rol fan Kristin Baxter, de âldste dochter út it gesin fan Tim Allen yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing. Nei ien seizoen waard se yn 2012 lykwols ferfongen troch Amanda Fuller.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.