Amanda Fuller

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Amanda Fuller
Filmklapper.png akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Amanda Fuller
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 27 augustus 1984
berteplak Sacramento (Kalifornje)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
jierren aktyf 1993 – no
offisjele webside
amandafuller.com

Amanda Fuller (Sacramento (Kalifornje), 27 augustus 1984) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fuller waard berne yn 'e Kalifornyske haadstêd Sacramento, mar groeide op yn Los Angeles, dêr't se yn 2002 slagge foar har middelbere-skoaldiploma oan 'e Notre Dame High School yn 'e wyk Sherman Oaks. Hja hie har earste aktearrol op har njoggende, yn 'e minysearje Tales of the City, út 1993. Har earste filmrol folge fjouwer jier letter, yn 'Til There Was You, út 1997.

Fuller hat op 'e tillefyzje gastrollen fertolke yn bekende searjes as Walker, Texas Ranger; Party of Five; That '70s Show; Malcolm in the Middle; 8 Simple Rules; Judging Amy; Boston Public; Buffy the Vampire Slayer; NCIS; Without a Trace; Bones; CSI: Crime Scene Investigation; Law & Order: Special Victims Unit; Rizzoli and Isles; en Grey's Anatomy. Fierders hat se ek yn in protte tillefyzjefilms spile. As filmaktrise wie Fuller û.m. te sjen yn 'e spylfilms Askari (2001), Americanese (2006) en Freerunner (2011). Fanôf it twadde seizoen (2012) fertolket hja de fêste rol fan dochter Kristin Baxter yn 'e komeedzjerige Last Man Standing.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.