Christoph Sanders

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Christoph Sanders
Christoph Sanders.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Christoph Sanders
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 21 april 1988
berteplak Arden (Noard-Karolina)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 2000 – no
offisjele webside
www.christophsanders.net

Christoph Sanders (Arden (Noard-Karolina), 21 april 1988) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmakteur. Hy hat benammen bekendheid krigen troch syn rollen yn 'e tillefyzjesearjes Ghost Whisperer en Last Man Standing.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sanders waard yn 1988 berne yn Arden, yn 'e steat Noard-Karolina, en groeide op yn it deun dêrby leine Hendersonville. Syn ûnderwiis krige er thús fan syn mem, dat oant de puberteit gie er nea nei skoalle, al siet er wol op in fuotbalklub, folge er fanôf syn njoggende aktearlessen en wied er lid fan 'e paadfinerij. Nei't er twa jier lang tekenlessen folge hie en syn talittingseksamen ta de Universiteit fan Noard-Karolina te Wilmington helle hie, besleat er om ynstee in aktearkarriêre nei te stribjen.

Tsjin dy tiid hie Sanders al ferskate jierren lid west fan it YouTheater-selskip fan it Flat Rock Playhouse, de steatsskouboarch fan Noard-Karolina. Hy spile û.m. yn produksjes fan A Christmas Carol, The Lion, the Witch and the Wardrobe en Bye, Bye, Birdie. Fierders wied er fan syn tolfde oant syn sechstjinde te sjen yn ferskate reklamespotsjes op 'e tillefyzje.

Yn 2006 makke Sanders syn filmdebút mei in lyts roltsje yn Talladega Nights: The Ballad of Ricky Bobby, in produksje dy't fierhinne opnommen waard yn en om Charlotte. Net lang dêrnei hied er in folle gruttere rol yn 'e kontroversjele film Hounddog, wêryn't Sanders syn personaazje yn 'e sêne dêr't de hiele film om draaide, in jong famke ferkrêfte, spile troch de doe tolvejierrige Dakota Fanning. Sanders sei letter dat er dy rol pittich fûn, al bea it him wol de kâns om syn aktearfermogen sjen te litten. Oer de ferkrêfting (dy't yn Amearika nochal wat stof opwaaie liet) seid er: "Dat wie mar ien part fan 'e film. Sokke tragyske dingen barre yn it echte libben eltse dei, en ik wol leauwe, as dizze film wat mear minsken de eagen iepenet, dan is it it mear as wurdich."

Yn jannewaris 2007 ferfear Sanders nei Los Angeles, dêr't er hope en krij mear mooglikheden om himsels mei syn aktearjen te ûnderhâlden. Binnen in fearnsjier wist er in rol yn Family of the Year yn 'e wacht te slepen, in pilotôflevering foar in tillefyzjesearje, mar de produsint seach neitiid fan it meitsjen fan 'e searje ôf. Nei noch in pear moanne krige Sanders in rol yn 'e film Legally Blondes en teffens wist er de rol fan Ned Banks te bemachtigjen dy't er fan 2008 oant 2010 yn 'e rige Ghost Whisperer spile. Yn 2011 waard er cast yn 'e rol fan it knoffelige en bleue kantoarhelpke Kyle Anderson, yn 'e komeedzjerige Last Man Standing, mei û.m. Tim Allen, Nancy Travis en Héctor Elizondo. Dy searje wie in grut súkses, en rint mids 2015 noch altyd.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.