Kabinet-Rutte III
Kabinet-Rutte III | ||||
Beëdige | 26 oktober 2017 | |||
Demisjonêr | 15 jannewaris 2021 | |||
Untslein | 10 jannewaris 2022 | |||
Koälysje | VVD, CDA, D66, KristenUny | |||
Steatshaad | Willem-Alexander | |||
Premier | Mark Rutte | |||
VVD | CDA | D66 | CU | Opposysje |
33 | 19 | 19 | 5 | 74 |
Sitferdieling yn de Twadde Keamer | ||||
← Rutte II | Rutte IV → |
It kabinet-Rutte III wie fan 26 oktober 2017 oant 10 jannewaris 2022 it kabinet fan Nederlân. It wie nei de Twadde Keamerferkiezings fan 2017 foarme troch in koälysje fan de partijen VVD, CDA, D66 en KristenUny.
Op 15 jannewaris 2021 moast it kabinet kollektyf ûntslach nimme, twa moanne foar de parlemintsferkiezings, as gefolch fan de ferneatigjende rapporten oer de affêre foar fergoeding foar berne-opfang.
Formaasje
Nei de Twadde Keamerferkiezings fan 15 maart 2017 sette de kabinetsformaasje útein ûnder lieding fan ferkenner Edith Schippers. Op 28 maart waard hja troch de Twadde Keamer as ynformateur oanwiisd om de ûnderhannelings foar in kabinet fan VVD, CDA, D66 en GrienLinks troch te setten. Dit besykjen mislearre op 15 maart om't de partijen it net mei-inoar lykfine koene oer asyl en migraasje.
Doe't op 23 maaie foar de twadde kear besocht waard om in kabinet te foarmjen, diskear mei de KristenUny, stelde Schippers foar en beneam in nije ynformateur: Herman Tjeenk Willink. Nije petearen mei GrienLinks lieden ek no net ta oerienstimming.
Op 27 juny joech de ynformateur yn syn einferslach oan dat de iennichste mooglikheid foar in mearderheidskabinet in kabinet wie mei de partijen VVD, CDA, D66 en KristenUny. Gerrit Zalm, earder minister fan Finânsjes, waard in dei letter beneamd ta ynformateur.
Mar leafst 208 dagen nei de ferkiezings, op 9 oktober, kaam der in foarriedich koälysjeakkoard foar in nij te foarmjen kabinet-Rutte III. Op 12 oktober waard Mark Rutte oansteld as formateur. Twa wike letter waarden dy wurksumheden ôfrûne en waard it nije kabinet beëdige. Mark Rutte waard ek premier, Hugo de Jonge (CDA), Kajsa Ollongren (D66) en Carola Schouten (CU) waarden fise-premier.
Ministearjes
It kabinet-Rutte III hie 12 ministearjes (waarnimmers wurde net neamd):
- 1 Mark Rutte jout as minister-presidint lieding oan it ministearje fan Algemiene Saken.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|