Ministearje fan Feiligens en Justysje

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ministearje fan Feiligens en Justysje
V&J
Ministearje fan Feiligens en Justysje
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
Funksjehâlders
Minister Stef Blok
Steatssikretaris Klaas Dijkhoff
Sikretaris-generaal Siebe Riedstra
Skiednis
Oprjochte 12 maart 1798
Algemien
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Adres Turfmerk 147
2511 DP De Haach
Offisjele webside

It Nederlânske ministearje fan Feiligens en Justysje, ôfkoarte ta V&J (Veiligheid en Justitie) bemuoit him mei de rjochtsoarder yn alle stadia. Dat komt del op ûnder mear wetjouwing, previnsje, hânhâlding, strafoplizzing en slachtofferhelp. Oant 14 oktober 2010 hiet dit ministearje 'ministearje fan Justysje', mar mei yngong fan it kabinet-Rutte I is it ûnderdiel 'Feiligens' út BZK wei oan it ministearje taheakke, wêrtroch't it ministearje de namme 'ministearje fan Feiligens en Justysje' krige.

Sûnt 27 jannewaris 2017 is Stef Blok fan 'e VVD minister fan Feiligens en Justysje. Steatssikretaris is sûnt 20 maart 2015 Klaas Dijkhoff (ek VVD) en Siebe Riedstra is sûnt 15 juny 2015 sikretaris-generaal.

Under de ferantwurdlikens fan it ministearje fan Feiligens en Justysje falle ûnder oare de Nasjonaal Koördinator Terrorismebestrieding en Feiligens, de plysje, de Ynspeksje Feiligens en Justysje, de Justysjele útfieringstsjinst Toetsing, Integriteit en Screening (Tsjinst Justis), de Ymmigraasje- en Naturalisaasjetsjinst, Tsjinst Weromkomst & Ofreis, Brânwar, Tsjinst Justysjele Ynljochtings, it Sintraal Justysjeel Ynkassoburo (CJIB) en it Iepenbier Ministearje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]