Ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu
I&M
Ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
Funksjehâlders
Minister Melanie Schultz van Haegen
Steatssikretaris Sharon Dijksma
Sikretaris-generaal Lidewijde Ongering
Skiednis
Oprjochte 14 oktober 2010
Algemien
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Adres Plesmanwei 1-6, De Haach
Offisjele webside

It Nederlânske ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu, ôfkoarte ta I&M (Infrastructuur en Milieu), is in ministearje dat ûnder it kabinet-Rutte I ûntstie troch in fúzje fan 'e eardere ministearjes fan Ferkear en Wettersteat en Folkshúsfêsting, Romtlike Oardening en Miljeubehear.

Sûnt 14 oktober 2010 is Melanie Schultz van Haegen fan 'e VVD de minister fan Ynfrastruktuer en Miljeu. Hja hâldt har dwaande mei wetter, romte, mobiliteit en maritime saken. De steatssikretaris is sûnt 3 novimber 2015 Sharon Dijksma fan 'e PvdA en wurket oan miljeu, loftfeart, iepenbier ferfier, spoar en it KNMI.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]