Springe nei ynhâld

Stamhartochdom Saksen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 mrt 2022 om 06.27 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Saksen rûn 1000 yn it Dútske keninkryk
Trije dielsteaten mei de namme Saksen: Nedersaksen, Saksen-Anhalt en Saksen (dielsteat)

It Stamhartochdom Saksen wie oarspronklik it stamgebiet fan de Saksen yn de iere midsiuwen. It besloech it grutste part fan Noard-Dútslân en omfieme de hjoeddeiske steaten Nedersaksen, Hamburch, Bremen en it Holsteinske part fan Sleeswyk-Holstein, Saksen-Anhalt bewesten de rivierren de Elbe en Saale, en it Westfaalske part fan Noardryn-Westfalen. Hartoch Hindrik de Liuw ûnderwurp ek it westlike part fan Meklenburch-Foarpommeren, de eardere Billunger Mark, yn de ein fan de tolfde iuw.
Yn 772 waarden de Saksen ûnderwurpen troch Karel de Grutte yn de Saksenkriich fan 772, en waard yn 804 as hartochdom yn it Karolingyske Ryk ynlive. Nei it Ferdrach fan Verdun yn 843 waard it ien fan de fiif stamhartochdommen yn it Eastfrankyske Ryk. Hartoch Hindrik de Fûgelder waard yn 919 ta Dútske kening keazen. Nei de fal fan hartoch Hindrik de Liuw fan it Hûs fan de Welfen yn 1180 foel de hartochstitel ta it Hûs fan de Askaanjers, wylst ferskate gebieten fan Saksen ôfsplitsten, bygelyks it Foarstendom Anhalt yn 1218 en it Hartochdom Breunswyk-Lüneburg, dat ûnder de Welfen bleau, yn 1235. De rest fan it hartochdom waard yn 1296 ferdield tusken de Askanyske hartoggen fan Saksen-Lauenburg en Saksen-Wittenberg. Saksen-Wittenberg waard mei de Gouden Bul fan 1356 in karfoarstendom.

Aldere stamhartochdom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de Res gestae saxonicae út de tsiende iuw fan Widukind fan Corvey kamen Saksyske ymmigranten út Britannia wei nei it Hodelerlân en help de Merovingyske keningen tsjin de Tueringers. Mear wierskynlik wie dat Saksyske stammen fan it Hodelerlân wei ûnder liederskip fan de legendaryske Hengist en Horsa yn de neidagen fan de Romeinske tiid Brittanje ynfoelen. Saksen dy't net nei Brittanje ferfearen bleaune yn Noard-Dútslân en foarmen in stamhartochdom Saksen (Aldsaksen) ûnder in keazen stamlieder of hartoch.
De Keninklike Frankyske Annalen neame in Frankyske kampanje yn 743 ûnder de Karolingyske hofmeier Karloman tsjin de Saksen. In jier letter folge in oare ekspedysje mei syn broer Pepyn de Koarte. Harren opstannige broer Grifo foarme in alliânsje mei Saksyske stammen en hja ferôveren it stamhartochdom Beieren tydlik. Pepyn, dy't sûnt 750 kening fan de Franken wie, foel it Sakselân wer yn en koe yn 758 ferskate stammen yn Westfalen ûnderwerpe.
Pepyn syn soan Karel de Grutte sette yn 772 út ein mei de Saksekriich, in rige oarloggen dêr't de Franken de Saksen besochten te ûnderwerpen. Hy hie ynearsten in soad súkses, mar hy hie letter te krijen mei fersnippering fan Saksyske gebieten yn Westfaalske, Eastfaalske en Angrivaarske stammen. Dus besocht er frede ôf te twingen mei de stammen apart, mar dy frede waard troch oare stammen gauris ferbrutsen. De Saksen ferwoasten bygelyks de Frankyske boarch yn Earesburch en harren lieder (hartoch) Widukind luts him werom nei Noardalbingje, it gebiet benoarden de Elbe, en fan dêrwei organisearre er rebûljes tjin de besetters. Karel naam yn 782 wraak mei de bloedbad fan Verden. Widukind seach him twongen frede te sluten yn 785 en liet himsels dope en waard in lienhear fan Karel de Grutte. Der wiene oant 804 hjir en dêr noch Saksyske opstannen. Neitiids waard Saksen ynlive yn it Karolingyske Ryk. In soad greven, dy't oansteld wiene, wiene lykwols fan Saksyske oarsprong. Ien fan harren wiene Wala fan Corbie (ferstoarn yn 836), in pakesizzer fan Karel Martel en dus in neef fan Karel de Grutte, mar syn mem wie Saksysk. Ek syn opfolger Ekbert wie fan in aadlike Saksyske laach. Hy boaske mei de hillige Ida fan Herzfeld, besibbe oan de Karolingen.
By it Ferdrach fan Heiligen yn 811 waard de noardgrins fan it ryk by de rivier de Eider fêststeld.

De Wikipedy hat ek in side Saksekriich.

Jongere Stamhartochdom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Keninkryk Dútslân 919-1125

Ida fan Herzfeld wie nei alle gedachten ien fan de foarâlden fan de Saksyske greve Liudolf (ferstoarn 866), dy't boaske mei Oda fan Billung en hy hearske oer in grut gebiet oan de rivier de Leine yn Eastfalen. Liudolf wie de stifter fan it Hûs fan de Liudolfingen, of ek Ottoanen neamd, dy't de hartochlike titel fan Saksen en letter ek de keizerlike titel fan it Hillige Roomske Ryk oernamen. Syn komôf, bygelyks syn besibbens oan Widukind, is net alhiel wis. Nettsjinsteande dat de Saksen in pear tsientallen jierren earder ûnderwurpen wiene, waarden hja ien fan de machtichste stammen yn East-Frânsje. It is net alhiel wis oft de Ottoanen al yn de njoggende iuw de hartochlike titel hiene. Liudolf syn âldste soan Bruno, de stifter fan de Brunoanen en de foarâlder fan de hartoggen fan Breunswyk, kaam om it libben yn in slach tsjin de Wytsingen ûnder Godfryd yn 880. Bruno waard troch syn jongere broer Otto de Ferljochte (ferstoarn yn 912) opfolge, neamd as hartoch yn de Annalen fan de Abdij fan Hersfeld, mar sa't it skynt net erkend wie troch de Frankyske hearskers. Syn posysje wie lykwols sterk genôch dat er Hedwych fan Babenberch boaskje koe. Hja wie in dochter fan de machtige hartoch Hindrik fan Franken, dy't ek militêr kommandeur wie fan kening Karel de Grouwe. Doe't alle bruorren fan Hedwych omkamen yn de striid fan de Babenbergers tsjin de Konradinen, wist Otto de sterke posysje fan syn skoanheit te behâlden en wist ek de macht oer it gânse ferienige Saksyske hartochdom te krijen.
Doe't de Karolingyske takke yn it Eastfrankyske Ryk mei de dea fan Loadewyk it Bern yn 911 útstoar, kamen de hartoggen fan Saksen, Swaben en Beieren byïnoar yn Forchheim en keazen de Konradynske hartoch Koenraad I fan Franken as kening. In jier letter waard Otto syn soan Hindrik de Fûgelder de hartoch fan Saksen. Neffens de kroniken fan Widukind fan Corvey hat kening Koenraad Hindrik as syn opfolger oansteld en wegere dus syn eigen broer Everhard de kroan. Yn 919 waard de Saksyske hartoch Hindrik keazen ta kening fan East-Frânsje troch de Frankyske en Saksyske prinsen dy't byïnoar kamen yn Fritzlar. Hindrik wist de hartochdommen Swaben, Beieren en Loataringen op te nimmen yn de keninklike federaasje. Dat wie fan belang om de Hongaren, dy't allegeduerigen oanfoelen, tsjin hâlde te kinnen. Yn de jierren 928 en 929 besetten Saksyske troepen grutte gebieten yn it easten, dêr't Slavyske stammen lykas de Polaben wennen. De snuorje fan Hindrik syn warbere kampanjes nei it easten sa as bygelyks nei Brandenburch en Meissen, it stiftsjen fan de Saksyske markgreefskippen en de oerjefte fan hartoch Wenceslaus fan Bohemen wie it úteinsetten fan de Dútske útwreiding nei it easten; de Eastkolonisaasje.

Under de Billungers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hindrik de Fûgelder ferstoar yn 936 yn Memleben en waard troch syn soan Otto II, de lettere keizer Otto I fan it Hillige Roomske Ryk of ek wol Otto de Grutte neamd, opfolge. Neffens Widukind wie er kroane yn de Dom fan Aken. De hartoggen fan de oare stamhartochdommen wiene derby oanwêzich. Hy stelde Herman Billung oan as princeps militiae of markgreve oan yn de Billunger Mark, oan oare kant fan de Elbe, om Slavyske stammen dêre te ûnderwerpen. Doe't kening Otto yn 961 nei Itaalje ferfear, naam Herman Billung de taken yn Saksen fan him oer. Herman Billung wie allinnich noch net yn namme, mar fierder sa goed as hartoch yn Saksen. Yn 972 waard kening Otto troch paus Johannes XII ta keizer fan it Hillige Roomske Ryk kroane. Yn 973 ferstoar Herman yn Quedlinburg en justjes letter ferstoar kening/keizer Otto yn Memleben. Otto II waard keizer en hy stelde Herman syn soan Bernard I Billung oan as earste hartoch fan Saksen fan it Hûs fan Billung. Hy hie yn 983 te krijen mei in Deenske rebûlje by Hedeby en Slavyske rebûljes yn Noardalbingje. Yn 1011 ferstoar er en waard troch syn soan Bernard II opfolge.
Syn pakesizzer Magnus ferstoar yn 1106 sûnder opfolgers en dat betsjutte de ein fan de Billunger dynasty. It gebiet fan de Billungers kaam ûnder de Welfen en Askaanjers. Lotarius fan Supplinburch, dy't troch boaskjen en skinken in soad eigendommen yn Saksen yn besit krigen hie, lykas de besitten fan Billung en de greven fan Northeim en Breunswyk, waard troch keizer Hindrik V as hartoch fan Saksen oansteld.

Under de Welfen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hartochdommen Saksen en Beieren ûnder de Welfen

Keizer Hindrik V, dy't letter in skeel mei Lotarius krige, stelde yn 1112 lykwols Otto fan Ballenstedt, de skoansoan fan Magnus, as hartoch oan. Nei de Slach by Welfesholz, dêr't Lotarius de keizer fersloech, krige Lotarius it hartochdom werom. Nei Hindrik syn dea yn 1125 waard Lotarius as kening fan Dútslân keazen en yn 1133 ta keizer kroane. Yn 1137 ferstoar Lotarius sûnder opfolgers en waard syn skoansoan, de Welf Hindrik X de Grutske dy't hartoch fan Beieren wie, as hartoch fan Saksen oansteld. Syn tsjinstanners erkennen dat lykwols net. Yn 1138 ferlear Hindrik X de ferkiezing ta kening fan de Dútsers oan Koenraad fan Hohenstaufen. Koenraad mocht it net lije dat Hindrik de twa stamhartochdommen hie en waard nuodlik dat er tefolle macht krige. Hindrik op syn bart wegere de eed fan trou ôf te lizzen en dêrop waarden al syn titels ôfnaam. It hartochdom Saksen gie nei de Askaanjer Albrecht de Bear, soan fan Otto fan Ballenstedt en earste markgreve fan Brandenburch. Hindrik X besocht syn gebieten werom te nimmen, mar ferstoar hommels yn 1139 yn Quedlinburg. Yn 1141 die Albrecht lykwols ôfstân fan syn rjochten en krige de minderjierrige soan fan Hindrik X, Hindrik de Liuw de rjochten oer Saksen fan kening Koenraad III.
Hindrik regearre as hartoch Hindrik III en wreide syn macht út nei it noardeasten en late krústochten tsjin de heidenske Wenden. Hy stipe de ûntwikkeling fan stêden lykas Breunswyk, Lüneburg en Lübeck en brocht it machtsintrum fan de Welfen fan it suden nei it noarden.
Yn 1152 stipe er syn neef Freark III fan Swaben ta ferkiezing fan kening fan Dútslân (as Freark Barbarossa) nei it tasizzen foar it weromkrijen fan it hartochdom Beieren. Hindrik syn gebiet omfieme no mear as twatredde fan Dútslân tusken Alpen en Noard- en Eastsee en waard ien fan de machtichste hearskers en in bedriging foar oare Dútske foarsten en sels foar Barbarossa. Doe't Barbarossa yn 1166 mei syn fjirde kampanje nei Itaalje gie, ferklearre in bûn fan Dútske eallju Hindrik de kriich. Dy kriich duorre oant 1170 nettsjinsteande it besykjen fan Barbarossa te bemiddeljen. Einlings bleau Hindrik syn posysje ûnskansearre. Yn 1168 boaske er mei Matilda Plantagenet, dochter fan Hindrik II fan Ingelân en Eleanor fan Akwitaanje en suster fan Richard Liuwehert.
Neitiids kuolle de relaasje tusken him en Barbarossa ôf nei Hindrik syn wegerjen Barbarossa hieltyd mar helpe te moatten mei syn mislearjende kampanje syn Itaalje. Hindrik woe leaver syn macht fersterkje yn syn eigen gebieten. Nei it folsleine mislearjen yn de Slach by Legnano yn 1175 tsjin de Lombardyske Liga beskuldige Barbarossa en de mearderheid fan de Dútske foarsten Hindrik fan it skeinen fan de "eare fan it ryk" (honor imperii), fredesferbrekking en ferried. Hy ûntkende alle beskuldigings en yn 1181 waarden al syn titels fan him ûntnaam. Yn 1182 flechte er nei Ingelân. Nei de dea fan syn frou en doe't de keizer oan de Tredde Krústocht meidie, kearde er werom nei Breunswyk yn de hoop syn besittings werom te krijen. Nei ferskate tebeksetten sleat er de frede mei Barbarossa syn soan en opfolger Hindrik VI .
Under Barbarossa waard it stamhartochdom winliken opheft en ferdield yn ferskate Ryksfrije gebieten. It westlike diel waard ferdield yn ferskate greefskippen en prinsbisdommen en it nijfoarme hartochdom Westfalen. Yn it easten krigen de Askaanjers, dy't de âlde tsjinstanners fan de Welfen wiene, it sterk krompen hartochdom Saksen yn besit. Dat besloech hast net mear as inkele lytse gebieten by de Elbe lâns lykas Lauenburg en Wittenburg. De namme Saksen ferfear sa stadichoan fan it noardwesten fan Dútslân ta de hjoeddeiske dielsteat Saksen.
De Welfen koene lykwols guon fan harren besitten hâlde, dy ta it hartochdom Breunswyk-Lüneburg ûntjoech. Dat hartochdom hearde nei it lienskip fan de Askaanjers net mear ta it Hartochdom Saksen. It hartochdom hold lykwols it âlde Saksyske wapen mei it Saksyske Hynder (Sachsenross) noch hieltyd, wylst de Askaanjers harren famyljewapen as wapen fan it hartochskip fan Saksen makken.

Under de Askaanjers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bruorren Johannes I en Albrecht II regearren tegearre oer de trije Saksyske gebieten Wittenberg, Lauenburg en it Hodelerlân, dy't net mear meiïnoar ferbûn wiene, en wurken stadichoan oan in ferdieling fan it gebiet. Johannes I stapte yn 1282 op yn it foardiel fan syn trije minderjierrige soannen Erik I, Johannes II en Albrecht III. Nei de dea fan Johannes I, trije jier letter, regearren de trije bruorren mei harren omke Albrecht II oer Saksen. Yn 1288 frege Albrecht II it lienhearskip oan fan syn soan en opfolger Rudolf II mei de Palts fan Saksen, dat in lang duorjend skeel mei it Hûs Wettin feroarsake. Nei't it greefskip Brehna nei it Ryk oergie nei it útstjerren fan it greefskip, krige Rudolf dat greefskip yn lien. Yn 1290 krige Albrecht it greefskip Brehna en yn 1295 it greefskip Gommern foar Saksen. Kening Wenceslaus II fan Bohemen helle Albrecht oer en stim foar Adolf fan Nassau as keizer. Op 29 novimber 1291 tekene er in pakt dat er mei Wenceslaus stimme soe. Op 27 april 1292, wylst syn omkesizzers noch minderjierrich wiene, stimde Albrecht út namme fan Saksen foar Adolf fan Nassau.
It lêste dokumint dat it hartochskip fan Albrecht tegearre mei syn omkesizzers neamde komt út 1295. De folsleine splitsing fan it hartochdom Saksen wie op 20 septimber 1296 yn it hartochdom Saksen-Lauenburg, dat ûnder de bruorren Erik I, Johannes II en Albrecht III kaam, en hartochdom Saksen-Wittenberg dat ûnder Albrecht II kaam. De Vierlande, Sadelbande (Lân fan Lauenburg), Lân fan Ratzeburg, Lân fan Darzing (hjoed-de-dei Amt Nehaus en it Hodelerlân waarden as selsstannige gebieten ûnder de bruorren neamd. Albrecht II krige Saksen-Wittenberg, it gebiet rûn Wittenberg, en Belzig. Albrecht waard dus de stifter fan de Askaanske takke fan Saksen-Wittenberg.
In takke fan de Welfen waard ferneamd as it Hûs Hannover en waarden sûnt 1692 de karfoarsten fan Breunswyk-Lüneburg en sûnt 1701 keningen fan Grut-Brittanje en sûnt 1814 fan it Keninkryk Hannover.

Steaten dy't út it stamhartochdom kamen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]