Eastfalen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Eastfalen yn Saksen rûn 1000 CE

██ Eastfalen

██ Oare parten fan Saksen

██ Rest fan it keninkryk Dútslân

Eastfalen om 1000 mei syn plakken en goaën

Eastfalen (Dútsk: Ostfalen; Nederdútsk: Oostfalen) is in histoarysk gebiet yn it noarden fan Dútslân en omfieme de eastlike goaën fan it âlde Stamhartochdom Saksen, rûchwei tusken de rivier de Leine yn it westen en de rivierren de Elbe en Saale oan de eastkant. It gebiet omfiemet it súdeasten fan de hjoeddeiske dielsteat Nedersaksen, westlik Saksen-Anhalt en noardlik Tueringen. Tegearre mei Westfalen, Engern en Noardalbingje wie it ien fan de fjouwer Saksyske distrikten. Men moat it gebiet lykwols net betize mei de regio East-Westfalen (Ostwestfalen).

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Eastfalen betsjut wierskynlik "eastlike flakte". Falen is in Germaansk wurd dat soksawat as "plat" en "flak" betsjut. It kin weromfûn wurde yn it Noarddútske plak Fallstedt. De Noarddútske Flakte fan Eastfalen en Westfalen wurdt skieden troch de rivier de Weser en is in tsjinstelling fan it besuden lizzende folle heuveleftigere gebiet fan Franken en Tueringen. De namme Westfalen bleau troch de skiednis hinne bestean, trochsetten troch it hartochdom Westfalen dêr't de aartsbiskoppen fan Keulen oer regearren. De namme Eastfalen waard stadichoan net mear brûkt, nei't it stamhartochdom Saksen winliken opheft wie nei it flechtsjen fan hartoch Hindrik de Liuw yn 1180. Dútske taalkundigen brochten de namme yn de njoggentjinde iuw werom yn it ramt fan ûndersyk nei it Eastfaalsk as dialekt fan it Nederdútsk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Karel de Grutte de Saksyske lieder Widukind ferslein hie yn 785 nei de Saksekriich, waard it Sakselân ynlive yn it Frankyske Ryk en waarden de Saksen kerstene. Ek Widukind liet him dope. De prinsbisdommen Halberstadt en Hildesheim, grinzge troch de rivier de Oker, waarden yn 804 en 815 oprjochte yn it easten fan Saksen. It stamhartochdom Saksen waard ferdield yn de distrikten Eastfalen (Ostfalahi), Westfalen, Engern en Noardalbingje. It Eastfaalske gebiet by it Harzberchtme wie it erflân fan Hindrik de Fûgelder, de earste Saksyske hartoch dy't keazen waard ta kening fan Dútslân yn 919 en syn neikommelingen fan it Hûs fan de Ottoanen. Yn de Ottoanske Renênessânse waarden in stikmannich Romaanske abdijen en kastielen boud, dat hjoed-de-dei in kultureel lânskip is dêr't trije monuminten op de Wrâlderfgoedlist steane. Dat binne de midsiuwske stêden Goslar en Quedlinburg en de Dom fan Hildesheim en de Sint-Michaeltsjerke fan Hildesheim. Om't Eastfalen grinzge oan de gebieten fan de Polabyske Slaven, dy't oan de oare kant fan de Elbe en de Saale wennen, waard it in begjinpunt fan de Dútske Eastkolonisaasje. Dat waard troch Hindrik de Fûgelder úteinset en letter folge troch de Saksyske markgreven.
Nei't hartoch Hindrik de Liuw ferballe fan it Ryk wie yn 1180, waard Eastfalen ferdield yn lytsere foarstendommen, bygelyks yn it hartochdom Breunswyk-Lüneburg en de greefskippen Anhalt, Wernigerode, Blankenburg en de Ryksstêd Goslar, allyksa de prinsbisdommen Magdeburg, Hildesheim en Halberstadt en de Abdij fan Quedlinburg. De Saksyske tradysje waard trochsetten troch de Askaanske hartoggen fan Saksen-Wittenberg, dy't letter it Karfoarstendom Saksen stiften oan de Boppe-Elbe.