Springe nei ynhâld

Iten

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 feb 2022 om 23.35 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Sûn iten: plaatsje ferfongen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ferskate soarten iten.

Iten, fieding[1] of fiedsel[1] is eltse fêste of healfêste substânsje dy't organismen troch konsumpsje fan fiedingsstoffen foarsjocht. Dêrby giet it om dierlike of plantaardige stoffen. Floeistoffen dy't konsumearre wurde, hjitte drinken. Iten en drinken wurde faak op ien sike neamd. De wichtichste fiedingsstoffen dy't yn iten sitte, binne: koalhydraten, fetten, aaiwiten, fitaminen en mineralen. Sokke stoffen wurde opnommen troch it itende organisme en dêrnei assimilearre troch de sellen fan datselde organisme om enerzjy op te wekjen, libben te hanthavenjen (troch ûnderhâld) en groei te stimulearjen. Gebrek oan fiedingsstoffen liedt by bisten ta in gefoel fan honger, dat oanset ta iten. Oanhâldend honger lijen, bgl. troch hongersneed, liedt ta ûnderfieding en úteinlik ta de dea troch ferhongering. Ek it hawwen fan it ferkearde soarte iten kin ta sûnensswierrichheden liede, lykas malnutrysje.

Itensbetrekkings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Itensbetrekkings of fiedselbetrekkings spylje yn 'e libbene natoer in wichtige rol. Sokke ûnderlinge ferbannen wurde werjûn yn it fiedselstring, in keatling organismen wêrby't elts organisme it iten foarmet foar it folgjende organisme yn 'e rige.

Plantaardich iten.

Autotroof en heterotroof

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Organismen dy't har iten út it organysk materiaal fan oare organismen helje, wurde heterotroof neamd, in út it Gryksk ôfkomstige term dy't letterlik "oars-fiedend" betsjut. Organismen dy't by steat binne om sels organysk materiaal oan te meitsjen út anorganyske stoffen, binne autotroof, wat letterlik "selsfiedend" betsjut. It bekendste foarbyld fan autotrofe organismen wurdt foarme troch planten, dy't ommers troch it proses fan fotosynteze sinneljocht omsette yn glukoaze (plantesûker). Bisten (en dêrmei ek de minske) kinne sels lykwols gjin organyske stoffen oanmeitsje, en binne folslein ôfhinklik fan 'e konsumpsje fan oare organismen. Dêrmei binne se dus heterotroof.

Bisten yn it algemien, mar minsken yn it bysûnder, hawwe in sintúch foar it waarnimmen fan 'e smaak fan harren iten. De smaakpapillen, dy't dêrfoar brûkt wurde, sitte op 'e tonge, en ek de rooksin, dy't troch de noas giet, spilet by it waarnimmen fan smaak in rol. Op dy wize kinne minsken fiif ferskillende smaken gewaarwurde: swiet, soer, sâlt, bitter en ûmamy. (Yn 'e Westerske wrâld binne inkeld de earste fjouwer bekend, mar yn East- en Súdeast-Aazje hat ek ûmamy in lange tradysje.) Troch de evolúsje fan bisten wurde de smaken fan stoffen dy't de measte enerzjy opsmite (sûkers en fetten) as it oangenaamst waarnommen, wylst oaren, lykas bitter, net as lekker ûnderfûn wurde. Wetter is in stof dy't gjin smaak hat, hoewol't it ûnmisber is foar it oerlibjen fan elts organisme.

Fleis, de wichtichste foarm fan dierlik iten.

Hokker organyske materialen al of net as iten tsjinje kinne foar in beskaat organisme, is yn 'e rin fan 'e milennia bleken. As in beskaat materiaal, nei't it iten is, in negative lichaamlike reäksje opropt, is der faak sprake fan giftigens. Wat foar it iene organisme giftich is, hoecht dat lykwols foar it oare organisme net te wêzen. Ek de mjitte fan giftigens rint útinoar; soms is de giftigens sa swak dat it iten fan soks materiaal inkeld ta in pear oeren fan ûnnoflikens liedt, wylst yn oare gefallen de giftigens sa sterk is, dat binnen inkele oeren de dea folget. Foar de minske binne bgl. beskate soarten poddestuollen tige giftich. In soad bistesoarten hawwe yn 'e rin fan harren evolúsje in ynstinkt ûntwikkele foar wat giftich foar harren is. Minsken, dy't sa'n ynstinkt misse, moatte sokke ynformaasje mûnling of skriftlik fan âlder op âlder trochjaan.

In minne reäksje op it iten fan it ien of oar kin behalven troch giftigens ek komme troch in itensallergy by de iter. Yn sa'n gefal is it iten fan in beskaat materiaal inkeld skealik foar dat spesifike yndividu, wylst oare leden fan deselde soarte it materiaal sûnder swierrichheden lytsman meitsje kinne. Foarbylden fan iten dat by guon minsken in allergyske reäksje opropt, binne bgl. pinda's, skaaldieren of suvelprodukten. Minsken dy't oanhelle binne mei itensallergyen moatte goed tinke om wat se ite. In oare mooglike oarsaak fan in minne reäksje op iten is itensfergiftiging of fiedselfergiftiging, dat feroarsake wurdt troch it iten fan bedoarn iten.

De baktearje salmonella is in faak foarkommende oarsaak fan itensfergiftiging, benammen as it giet om net goed bret hinnefleis of sêftseane aaien.

Itensfoarskriften

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Itensfoarskriften binne yn 'e minsklike maatskippij regels dêr't men jin oan hâlde moat foar it net of mar in bytsje iten fan beskate soarten iten. Sokke regels kinne selsoplein wêze, bgl. as men besiket ôf te fallen. Guon lju kieze der, faak út ûnfrede mei de bio-yndustry, foar om gjin fleis mear te iten; sokken wurde fegetaarjers neamd. Oaren geane noch fierder en wurde feganist: dy brûke hielendal gjin dierlike produkten mear.

Sokke itensfoarskriften kinne ek troch in dokter foarskreaun wêze yn it gefal fan in sykte of oare oandwaning of fan in itensallergy. As der in protte fan sokke foarskriften binne, sprekt men fan in dieet. Soms binne lju sa siik dat der hielendal gjin fêst iten mear mooglik is; dan kin iten tatsjinne wurde as sondefieding of fia in ynfús.

In spesjaal soarte fan itensfoarskriften komt foar yn beskate religyen. Sa meie joaden en moslims gjin bargefleis ite om't bargen yn it joadendom en de islaam as ûnreine bisten beskôge wurde. Hindoes meie wol bargefleis ite, mar gjin kowefleis, om't kij yn it hindoeïsme as hillige bisten sjoen wurde. Men sprekt yn sokke gefallen net fan in dieet, mar fan in taboe.

Histoarysk kaam de minske oan iten troch twa metoaden: jeien en sammeljen en lânbou. De âldste metoade is jeien en sammeljen, wêrby't men yt wat men út 'e frije natoer besette kin, oft it dêrby no giet om dierlik of plantaardich materiaal. Tsjin 'e ein fan 'e prehistoarje ûntstie de earste lânbou, wêrby't men sels gewaaksen oanplante en domestisearre bisten fersoarge om letter fan te iten. Dat wie fansels in folle betrouberder itensboarne as jeien en sammeljen. It measte iten is dêrom altyd al produsearre troch lânbou, en tsjintwurdich wurdt frijwol de hiele minsklike wrâldbefolking op dy wize fan iten foarsjoen.

Ferskillende soarten konservearre iten.

Tanksij nije ûntwikkelings yn 'e libbensmiddelstechnology binne sawol it iten as de itenspatroanen yn 'e Westerske wrâld sûnt de 1950-er jierren sterk feroare. Moderne konservearringstechniken makken it bgl. mooglik om iten langer te bewarjen. Yn dyselde tiid waard de meganisaasje fan 'e lânbou in feit, en sûnt hat der yn 'e lânbousektor oanhâldend skaalfergrutting plakfûn.

Der bestiet lykwols oanboazjende noed oer de metoaden en produkten fan 'e moderne yntinsive lânbou, dy't laat hat ta in groeiende trend yn 'e rjochting fan miljeubeskerming en biologyske lânbou. Dy oanpak, dy't foar in diel fuortkomt út 'e fraach fan besoarge konsuminten, is goed foar de biodiversiteit en pleatslike selsfoarsjennendheid. Oare grutte ynfloeden op 'e hjoeddeistige lânbou binne wetten, oarloggen en ynternasjonale organisaasjes lykas de Wrâldhannelsorganisaasje (WTO).

Bôle, pasta en oare nôtprodukten.

Itensieden is it reemeitsjen fan iten foar minsklike konsumpje. Yn 'e oertiid iet de minske syn iten rau, lykas alle bisten, mar al frij ier yn 'e minsklike ûntwikkeling waard op 'e iene of oare wize ûntdutsen dat bewurke iten mear smaak en in bettere fertarring jout. Der besteane ferskate foarmen fan itensieden: brieden, bakken, sieden, roasterjen, grillen, ensfh. Al dy manearen hawwe gemien dat it iten bleatsteld wurdt oan hjitte. Tagelyk wurde faak stoffen tafoege dy't it iten better smeitsje litten, lykas sâlt, sûker of speserijen.

Meitiid ûntjoegen har yn ferskillende lannen ferskillende manearen fan itensieden, dy't soargen foar it ûntstean fan ûnderskate nasjonale en regionale kwisines. Guon populêre nasjonale wizen fan itensieden binne de Frânske kwisine, de Italjaanske kwisine en de Sineeske kwisine. Sûnt minskewitten is fierders it reemeitsjen fan iten kommersjalisearre oant der in hiele bedriuwstûke ûntstie dy't him dêrop talei. Minsken dy't it net oan tiid hawwe om sels iten te sieden, of dy't der gewoan gjin sin oan hawwe, kinne dan 'út te iten' gean yn in restaurant. Dat is in bedriuw dat reemakke iten ferkeapet en ornaris ek romte biedt om it te konsumearjen.

In restaurant.

Itensfeilichheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Itensfeilichheid en itensbefeiliging wurdt tafersjoch op holden troch ynternasjonale organisaasjes as de International Association for Food Protection (IAFP), it World Resources Institute (WRI), it World Food Programme (WFP), de Food and Agriculture Organisation (FAO) en de International Food Information Council (IFIC). Sokke organisaasjes behannelje kwestjes as duorsumens, biodiversiteit, klimaatferoaring, befolkingsgroei en tagong ta iten.

It rjocht op iten is in minskerjocht dat as sadanich fêstlein is yn it Ynternasjonaal Konvenant oangeande Ekonomyske, Sosjale en Kulturele Rjochten (ICESCR). Dêryn wurdt it "rjocht op in adekwate libbensstandert" erkent, en ek it "fûnemintele rjocht om frij te wêzen fan honger". (Yn dizze kontekst wurdt 'honger' net begrepen as "sin oan iten", mar as "hongersneed".)

Tsjintwurdich wurdt sterk de klam lein op sûn iten. Yn Nederlân wurdt as helpmiddel foar foarljochting oer dat ûnderwerp al sûnt 1953 de saneamde Skiif fan Fiif brûkt. Dat is in skiif dy't opdield is yn fiif parten, dy't elts in beskate itensgroep befetsje. It idee is dat men foar in sûn itenspatroan eltse dei út elts fan 'e fiif parten fan 'e skiif in kar meitsje moat foar in beskaat soarte iten, dat dan yn ien fan 'e mielen fan dy dei ferwurke wurdt. De fiif itensgroepen binne:

De op 'e nij besjoene Skiif fan Fiif út 2016.
  1. griente en fruit
  2. bôle en oare nôtprodukten en daaiwaren (lykas pasta of rys), jirpels en pûlfruchten (nuten ensfh.)
  3. fleis, fleiswaren, fisk, aai en fleisferfangers
  4. fetten en oalje
  5. focht

De Skiif fan Fiif jout behalven fiif itensgroepen ek fiif oanbefellings:

  • bring fariaasje oan yn jo itenspatroan
  • yt net tefolle
  • brûk minder fersêde fet
  • yt griente, fruit en bôle by 't folop
  • tink om itenshygiêne

As men om bgl. allergy of in medyske reden net of minder oer in beskate itensgroep kin, besteane der fiedingssupleminten om it dêrtroch ûntstiene tekoart oan fiedingsstoffen op te fangen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 477..

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.