King's Men
King's Men | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Ingelsk | |
type | privaat | |
sektor | toanielselskip | |
fêstige yn | Londen (Ingelân) | |
oprjochte | 1603 | |
opdoekt | 1642 | |
oprjochter | 9 bekend (sjoch tekst) | |
eigner | idem | |
fuortk. út | Lord Chamberlain's Men | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
De King's Men wie in Ingelsk toanielselskip yn 'e tiid fan it regear fan 'e keningen Jakobus I (1603-1625) en Karel I (1625-1649). It wie oprjochte yn 1594, mar ûnder it regear fan keninginne Elizabeth I droech it fan 1594 oant 1603 de namme fan de Lord Chamberlain's Men. Doe't Jakobus I yn 1603 op 'e troan kaam, waard hy de patroan fan it toanielselskip, en krige it de namme fan de King's Men (oftewol de "Keningslju").
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fierwei it bekendste lid fan 'e King's Men wie de toanielskriuwer en dichter William Shakespeare (1564-1616), dy't ek aktyf wie as akteur. Yn 'e keninklike oarkunde dy't de King's Men op 19 maaie 1603 útrikt krigen, waarden de folgjende leden by namme neamd: Lawrence Fletcher, William Shakespeare, Richard Burbage, Augustine Phillips, John Heminges, Henry Condell, William Sly, Robert Armin en Richard Cowley. Dizze mannen waarden beneamd ta groom of the chambers (in eare-amt dat ferlykber is mei dat fan ûnbesoldige keamerhear). Op 15 maart 1604 krigen se elkmis fyftel yard reade weve stof om in mantel út meitsje te litten dy't se drage moasten yn 'e kroaningsprosesje.
De King's Men brochten in grut ferskaat oan toanielstikken op 'e planken, wêrûnder alle Shakespeariaanske stikken dy't yn 1623 troch Heminges en Condell samle waarden yn 'e First Folio. Gauris, fral by 't winter, waard der optreden oan it Keninklik Hof. Nei it ferstjerren fan Shakespeare, yn 1616, waard de rol fan mastertoanielskriuwer fan 'e King's Men oernommen troch John Fletcher, wylst yn 'e 1630-er jierren Philip Massinger mear op 'e foargrûn trêde.
Yn 1642 krigen de puriteinen de macht yn it Ingelske parlemint yn 'e hannen. Hja hiene altyd al fûleindige tsjinstanners fan toaniel en teäter west, dat se as in goddeleas tiidferdriuw seagen dêr't fromme kristenen mei fan it rjochte paad ôf lokke waarden. Sadwaande wie ien fan 'e earste maatregels dy't se trochfierden de sluting fan alle skouboargen en it ferbod op it opfieren fan toanielstikken. Hoewol't der út en troch noch wolris klandestyn in stik spile waard, mocht dat eins gjin namme hawwe (fanwegen de natuer fan toaniel, dêr't ommers publyk foar nedich is, wie it fansels net mooglik om soks temûk te dwaan of geheim te hâlden).
Hoewol't der nei de fal fan 'e Ingelske Republyk en de Restauraasje fan it Hûs Stuart yn 1660 in nije King's Company oprjochte waard, hie dy net folle gemien mei syn foargonger. De measte leden fan 'e âlde King's Men wiene ûnderwilens stoarn of hiene oare libbens opboud. Boppedat wiene de âlde teätertradysjes fan foar 1642 fierhinne yn it neigean rekke. Sa waarden de rollen fan froulju al rillegau ek spile troch froulju (en net mear troch opslûpen jonges, lykas foarhinne), en iepenloftteäter stoar út yn it foardiel fan 'e grutte skoaboarchgebouwen. Hoewol't de klassikers út 'e Elizabetaanske en de Jakobeeske Tiid noch altyd it wichtichste part fan it repertwaar útmakken, waarden fral de trageedzjes oanpast oan 'e nije smaak, dy't sterk ûnder ynfloed stie fan it toaniel út it Frankryk fan Loadewyk XIV.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |