Springe nei ynhâld

Loataringen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 okt 2020 om 08.47 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It Keninkryk Loataringen (pears) en oare Karolingyske keninkriken neffens it Ferdrach fan Prüm yn 855

Loataringen (Latyn: Lotharii regnum) wie ien fan de Karolingyske keninkriken nei it ferpartsjen fan it Frankyske Ryk. It omfieme de hjoeddeiske gebieten fan Nederlân, Belgje, Lúksemboarch, Dútslân, bewesten de Ryn en Elsas en Loataringen yn Frankryk. It wie neamd nei kening Lotarius II dy't it gebiet krige nei it ferpartsjen fan it keninkryk Midden-Frânsje fan syn heit Lotarius I yn 855 oan dy syn trije soannen.
Loataringen waard foarme út it yn trijen ferpartsjen fan it keninkryk fan Midden-Frânsje, dy't op syn bart foarme waard mei it ferpartsjen fan it Karolingyske Ryk yn trijen neffens it Ferdrach fan Ferdun yn 843. Skelen tusken East- en West-Frânsje oer Loataringen wie it feit dat it it stamgebiet Austraasje fan de Franken omfieme. Dus besit fan dat gebiet wie in wichtige reden foar harren.

Om't Loataringen gjin histoaryske en etnyske ienheid wie, wiene tiidgenoaten net wis en neam it gebiet. Dus waard it wol Regnum quondam Lotharii of Lotharii regnum ("Keninkryk dat fan Lotarius wie " of "Keninkryk fan Lotarius") en syn bewenners Lotharii (fan Loatarius) of Lotharingi neamd. De twadde term hie de Germaanske ein -ing, dy't it "sibskip" of it "hearren ta" oantsjutte. Dêroan waard it Latynske -ia, dat in lân oantsjutte, tafoege yn de tsiende iuw. Lettere Frânske termen Lorraine en Lothier wiene dêr wer fan ôflaat.

Midden-Frânsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Midden-Frânsje.
Midden-Frânsje yn grien

Yn 817 makke keizer Loadewyk de Fromme plannen en ferdiel it Karolingyske Ryk tusken syn trije soannen nei syn dea. Yn 817 wie it noch net foarsjoen dat der in fjirde erfgenaam wêze soe. Yn 823 wie der in fjirde soan, Karel de Keale berne fan Loadeyk syn twadde frou Judit fan Beieren. Doe't Loadewyk yn 833 besocht en ferdiel it Ryk fannijs yn it foardiel fan Karel, kamen syn trije mearderjierrige soannen Lotarius, Pepyn en Loadewyk yn ferwar. In boargerkriich fan krapoan tsien jier, mei sa no en dan skommeljende alliânjes en koarte fredesperioaden deryn, bruts út. Pepyn ferstoar yn 838 en Loadewyk de Fromme ferstoar yn 840. De trije oerbliuwende bruorren sleaten frede en ferdielen it Ryk yn 843 mei it Ferdrach fan Verdun. Lotarius, dy't de âldste wie, krige de keizerstitel en krige in lange stripe lân fan de Noardsee oant súdlik Itaalje. De reden fan dy ferdieling wie dat Lotarius al de kroan fan it Keninkryk Itaalje, dat in ûnderkeninkryk ûnder Loadewyk de Fromme wie, hie. In oare reden wie dat hy as keizer fanút Aken, dat de residinsje fan keizer Karel de Grutte wie, en Rome, de âlde residinsje fan de Romeinske keizers, regearje soe. Midden-Frânsje (Latynsk: Francia media) omfieme al it gebiet tusken Aken en Rome en waard bytiden troch guon skiedkundigen de Lotaringyske as neamd.

Keninkryk Loataringen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Lotarius I yn 855 oan it ferstjerren wie, ferdielde er syn keninkryk tusken syn trije soannen by it Ferdrach fan Prüm. De âldste soan, Loadewyk II, krige Itaalje en de keizerstitel. De jongste, Karel dy't doe noch minderjierrich wie, krige de Provence. De middelste soan, Lotarius II krige de oerbliuwende gebieten benoarden de Provence. Dat keninkryk miste in etnyske of taalkundige ienheid.
Lotarius II hearske fanút Aken en hy kaam syn keninkryk amper út. Doe't er yn 869 ferstoar hie er gjin echtlike bern, mar wol in bûtenechtliken ien, Hugo (hartoch fan de Elsas. Syn omkes, kening Loadewyk de Dútser fan East-Frânsje en kening Karel de Keale fan West-Frânsje (dy't winliken gâns Loataringen hearskje woe) kamen yn 870 by it Ferdrach fan Meerssen oerien en ferdiel Loataringen tusken harren beide. It westlike part gie nei West-Frânsje en it eastlike part nei East-Frânsje. Dus it keninkryk Loataringen hold as in ienheid foar in skoftke op te bestean. Yn 876 foel Karel de Keale eastlik Loataringen oan mei de bedoeling it yn te liivjen, mar waard yn de Slach by Andernach troch Loadewyk de Dútser syn soan Loadewyk de Jongere ferslein.
Yn 879 waard de soan fan Loadewyk de Dútser, kening Loadewyk de Jongere frege troch guon Westfrankyske eallju om de soan fan Karel de Keale, kening Loadewyk de Stammerder op te folgjen op de troan fan West-Frânsje. Nei in koarte kriich hawwe de jonge soannen fan Loadewyk de Stammerder, Karloman II en Loadewyk III westlik Loataringen oan East-Frânsje ôfstien. De grins tusken de twa keninkriken waard fêstlein by it Ferdrach fan Ribemont yn 880.
Yn novimber 887 ropte Arnulf fan Karintje in Ried fan Eastfrankyske ealllju byïnoar om keizer Karel de Grouwe ôf te setten, dy't yn 884 alle troanen fan it keizerryk oernimme koe. De Loataringyske aristokrasy stimde mei de oare Eastfrankyske eallju en stypje Arnulf as harren kening. Guido III fan Spoleto, dy't kening fan Itaalje waard, en Rudolf I fan Boergonje fersetten harren ynearsten tsjin de kar foar Arnulf as keizer. Rudolf hope op it gânse eardere gebiet fan Lotarius II, mar moast it mar dwaan mei Boergonje.
Arnulf fersloech yn 891 de Wytsingen en ferdreau harren fan harren delsettings. Yn 895 stelde er syn bûtenechtlike soan Swindybold oan as kening fan Loataringen. Swindybold kaam lykwols om yn in slach tsjin hartoch Reinier op 13 augustus 900. It keninkryk hold doe op te bestean en it waard in hartochdom.

Hartochdom Loataringen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De jonge kening fan East-Frânsje, Loadewyk it Bern stelde Gebhard yn 903 oan as hartoch fan Loataringen. Syn titel wie yn it doetiidske Latynsk: Dux regni quod a multis Hlotharii dicitur, "hartoch fan it keninkryk dat ea fan Lotarius wie". Hy ferstoar yn 910 yn in slach tsjin de Hongaren.
Doe't yn 911 de Konradyn Koenraad I fan Franken ta kening fan Dútslân keazen waard, stimden Loataringyske eallju ûnder hartoch Reinier en foegje harren hartochdom ta West-Frânsje, dat noch hieltyd troch Karolingen hearske wie. Yn 915 joech kening Karel de Ienfâldige him de titel fan markgreve. Reinier syn soan Gilbert folge him op en brûkte de titel dux Lotharingiae, "hartoch fan Loataringen".
Doe't de Westfranken Karel de Ienfâldige yn 922 ôfsetten, bleau er lykwols kening yn Loataringen, fan dêr't er West-Frânsje wer werom ferôverje woe. Hy waard oppakt en finzennaam oant syn dea yn 929. De kening fan East-Frânsje/Dútslân, Hindrik de Fûgelder, makke gebrûk fan dy tastân en foel yn 923 yn Loataringen (mei Elsas ynbegrepen). Yn 925 namen de Lotaringjers ûnder hartoch Gilbert Hindrik oan as kening. Yn 930 waard Gilbert beleane mei Hindrik syn dochter Gerberga, dêr't er mei boaske.
Nei't Hindrik yn 936 ferstoar stapte Gilbert wer oer nei de Westfranken, om't de kening dêre, Rudolf, sêft wie en him net in soad mei pleatslike belangen bemuoide. Yn 939 foel Hindrik syn soan en opfolger, keizer Otto I de Grutte fan it Hillige Roomske Ryk, Loataringen oan en by de Slach by Andernach fersloech er Gilbert. Gilbert besocht te flechtsjen, mar fersûpte wylst er de Ryn oerstekke soe.
De hartoggen fan Loataringen waarden tenei troch de keningen/keizers beneamd. Hindrik I fan Beieren waard hartoch foar twa jier, dy't yn 941 opfolge waard troch hartoch Otto en dy yn 944 wer opfolge waard troch hartoch Koenraad de Reade. Loataringen waard omfoarme ta in stamhartochdom, dêrfan't de hartoggen in stim hiene in keninklike ferkiezings. Wylst de oare stamhartochdommen folks- en histoaryske identiteiten hiene, wie dy fan Loataringen allinnich in politike.
Kening Loadewyk IV fan West-Frânsje besocht Loataringen werom te krijen en boaske mei de widdo fan Gilbert en Otto syn suster, Gerberga. Op syn bart naam Otto yn 942 de hulde oan fan de Westfrankyske Hugo de Grutte en Herbert II, greve fan Vermandois yn Attigny. De swakke Loadewyk IV hie gjin oare kar as Otto syn hearskippij oer Loataringen te erkennen. Yn 944 foelen de Westfranken Loataringen yn, mar lutsen harren wer werom doe't Otto mei in grut leger ûnder lieding fan hartoch Herman I fan Swaben klear stie.

Ferdieling fan 959 en neitiids

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hartochdom Loataringen mei Neder- en Opperloataringen

Yn 953 kaam hartoch Koenraad yn opstân tsjin Otto I en waard oan de kant setten en ferfongen troch Otto syn broer Bruno de Grutte, dy't Loataringen yn 959 wer ta frede brocht troch it te ferdielen yn Opperloataringen (Lotharingia superior) ûnder Freark I en Nederloataringen (Lotharingia inferior) ûnder Godfryd I.
Yn 978 foel kening Lotarius fan West-Frânsje Loataringen oan en besette Aken, mar keizer Otto II fan it Hillige Roomske Ryk foel op syn bart oan en berikte de muorren fan Parys. Yn 980 sei Lotarius al syn rjochten foar Loataringen op.
Mei útsûndering fan in koarte skoft (1033-1044 ûnder Gotselo I) wie de ferdieling definityf en de markgreven foarmen harren lienskippen om ta hartochdommen. Yn de tolfde iuw fersnippere it hartochdom Nederloataringen yn lytsere foarstendommen, dêr't ûnder oaren de hartochdommen Limburch en Brabân ûntstiene. De hartoggen fan dy twa hartochdommen namen de titel "Hartoch fan Lotier" of "Loatryk" (ôflaat fan Loataringen) oan. Mei it ferdwinen fan "Neder"loataringen, waard Opperloataringen bekend as Loataringen (Frânsk: Lorraine, Dútsk: Lothringen) yn it Hillige Roomske Ryk.
Nei iuwenlang besykjen fan de Frânsken Loataringen yn te liivjen, waard it yn 1737 nei de Poalske Súksesjekriich einlings in part fan Frankryk. Yn 1766 wie it hartochdom urven troch de Frânske kroan. Yn 1871 nei de Frânsk-Dútske Kriich waarden de noardlike parten fan Loataringen mei de Elsas foege en waard it as Elsas-Loataringen in provinsje yn it Dútske Keizerryk. Hjoed-de-dei is it wer in part fan Frankryk.

  • Annales vedastini yn de Latin Library
  • Annales xantenses qui dicuntur yn de Latin Library
  • Bartholomew, John, and Wakelyn Nightingale. Monasteries and Patrons in the Gorze Reform: Lotharingia C.850-1000 (2001)
  • Clark, Samuel. State and Status: The Rise of the State and Aristocratic Power in Western Europe (1995) siden 53–79 [1]
  • MacLean, Simon. (2013). "Shadow Kingdom: Lotharingia and the Frankish World, c.850–c.1050". History Compass, 11: 443–457.
  • Timothy Reuter, ed. The New Cambridge Medieval History, III: c. 900–c. 1024, Cambridge: Cambridge University Press, 2005. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: