Loadewyk de Stammerder

Ut Wikipedy
Loadewyk de Stammerder
Deniers fan Loadewyk de Stammerder

Loadewyk II, bekend as Loadewyk de Stammerder (Frânsk: Louis le Bègue; 1 novimber 846 - Compiègne 10 april 879) wie de kening fan Akwitaanje en letter de kening fan West-Frânsje. Hy wie de âldste soan fan keizer Karel de Keale en Ermentrudis fan Orléans.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loadewyk de Stammerder hie in swakke lea en ferstoar mar twa jier letter as syn heit. Hy stammere in soad en it wie dreech foar him serieus naam te wurden as lettere kening. Ek koe er min mei syn heit opsjitte, dy't him gjin funksjes mei wiere ynhâld joech.

Yn 866 folge er syn jongere broer Karel it Bern op as kening fan Akwitaanje en yn 877 folge er syn heit op as kening fan West-Frânsje. Hy waard dochs nea kroand as Roomske keizer. Loadewyk waard op 8 oktober 877 yn Compiègne troch aartsbiskop Hinkmar fan Reims ta kening kroand. Hy waard yn augustus 878 foar in twadde kear kroand troch paus Johannes VIII yn Troyes, wylst er wegere syn twadde frou te kroanen, om't er dat houlik as ûnwettich seach, en de bern út dat houlik waarden troch de tsjerke as ûnwettich sjoen. De paus hat him wierskynlik de keizerskroan oanbean, mar dat waard ôfwiisd.

Loadewyk hie net in soad ynfloed op de polityk. Hy waard beskreaun as in "gewoane en leave man, dy't de frede, rjochtfeardigens en it leauwen leaf hie". Yn 878 joech er de greefskippen Barseloana, Girona en Besalú oan greve Wilfryd I.

Syn lêste die waard it oplûken tsjin ynfallende Wytsingen, mar doe waard er siik en ferstoar op 9 of 10 april 879 koart nei it úteinsetten fan syn lêste kampanje. Nei syn dea waard syn keninkryk ferdield ûnder syn soannen Karloman II en Loadewyk III.

Houlik en bern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de fredesûnderhannelings tusken syn heit en Erispoë, hartoch fan Brittanje, waard Loadewyk yn 856 ferlove mei in dochter fan Erispoë. Dat ferloovjen waard ôfsein nei in rebûlje yn Brittanje en de moard op Erispoë.

Loadewyk boaske twa kear. Hy hie mei syn earste frou, Ansgardis fan Boergonje twa soannen: Loadewyk (berne yn 863) en Karloman (berne yn 866), dy't alle twa keningen fan West-Frânsje waarden, en trije dochters: Hildegardis (berne yn 864), Gisela (865-884) en Ermentrudis (874-914).

Mei syn twadde frou, Adelheid fan Parys hie er in soan, Karel de Ienfâldige, dy't berne waard nei syn dea. Karel de Ienfâldige waard letter kening fan West-Frânsje, lang nei't syn bruorren al ferstoarn wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.