Karel it Bern
Karel it Bern (Latyn: Carolus puer, út de Annales Bertiniani, Frankfurt am Main 847/848 - Buzançais 29 septimber 866 wie de kening fan Akwitaanje fan oktober 855 oant syn dea yn 866.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie de twadde soan fan keizer Karel de Keale en broer fan Loadewyk de Stammerder, dy't beide keningen fan West-Frânsje wiene. De jonge Karel waard troch syn heit as kening fan Akwitaanje beneamd, de titel dy't er oant 838 sels ek hân hie as in geunst foar it Akwitaanske seperatisme. De Akwitaanjers kamen earder yn ferwar tsjin Karel de Keale en fregen dy syn broer Loadewyk de Dútser, dy't kening fan East-Frânsje wie, om ien fan syn soannen te stjoeren om oer harren te regearjen. Loadewyk stjoerde syn twadde soan, Loadewyk de Jongere, en Karel liet dêrop syn oare rivaal, syn omkesizzer Pepyn II fan Akwitaanje frij. Pepyn krige de Akwitaanske eallju efter him en hy ferdreau Loadewyk de Jongere mei help fan Karel de Keale. Yn oktober ferlear Pepyn de stipe fan de Akwitaanjers, dy't hieltyd noch in rebûlje makken, en Karel beneamde doe syn soan Karel it Bern doe as kening fan Akwitaanje. Karel it Bern waard yn Limoges salve, mar binnen in jier waard er troch de Akwitaanjers ferdreaun en keazen hja Pepyn fannijs. Justjes letter setten se Pepyn wer ôf en ropten se Karel it Bern wer werom. Pepyn waard yn 864 finzennaam yn Senlis, dêr't er út de skiednis ferdwûn.
Ta tsjinstelling ta de eardere ûnderkeningen fan Akwitaanje (Loadewyk de Fromme, Pepyn I en Pepyn II, hie Karel it Bern net folle te sizzen. Foar 840 waard it keninkryk hearske troch in eigen kening, mar sûnt Karel de Keale kening fan West-Frânsje waard, woe er de macht yn Akwitaanje hâlde. Dus koene Karel it Bern, allyk as syn broer Loadewyk de Stammerder net sels hearskje en hja koene fierders neat ynstelle, oankundigje, privileezjes jaan, ensafuorthinne. Alle rjochten wiene foar Karel de Keale, dêr't yn syn ôfwêzigens de pleatslike eallju mear macht opgarren.
Nettsjinsteande besocht Karel syn macht dochs noch út te oefenjen sa fier er koe, bygelyks keas en boaske er in frou yn 862 tsjin de wil fan syn heit. De namme fan dy frou is net bekend, mar se wie wierskynlik in widdo fan in greve dy't Humbert hiet. Karel de Keale wist syn soan te oerheljen en stjoer de frou yn 863 wer fuort. Ek liet er syn soan syn oerhearskippij ûnthjitte. In jier letter waard er by in jachtpartij mei fersin ferwûne. Syn holle waard troch in swurd rekke. Ado fan Vienne neamde dat "Karel fan de eare berôve waard (dehonestatus) om dêrtroch te lijen". Dy wûne late ta dat er geastlik net gaadlik optrede koe en hy ferstoar yn 866 dêr dan ek oan. Hy stoar sûnder bern en waard begroeven yn Bourges.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources en Notes, op dizze side. |