Springe nei ynhâld

Ofslútdyk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ôfslútdyk)
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


De Ofslútdyk yn read
In satellytfoto fan de Ofslútdyk
It lêste gat wurdt sletten mei balstienliem

De Ofslútdyk is in dyk tusken it Noardhollânske De Oever en it Fryske Surch. De dyk skiedt sûnt 1932 it Waad (Waadsee) fan de Sudersee, dy't fan dat stuit ôf de ‘Iselmar’ foarmet. De wetterkearing is 32 kilometer lang en sa'n 90 meter breed. De Ofslútdyk is in part fan de Suderseewurken, ûntwikkele troch Cornelis Lely. De namme Ofslútdyk ferwiist nei de oarspronklike opset, wêrby't de hiele hjoeddeiske Iselmar ynpoldere wurde soe. Mar de Ofslútdyk is in daam wurden yn stee fan in dyk, omdat er gjin lân en wetter skiedt, mar wetter keart.

Yn earste ynstânsje soe der ek in treinspoar op de Ofslútdyk komme. Dêr wie ek rekkenskip mei holden, mar úteinlik is der gjin treinspoar op kaam, mar in ekstra brede autogongwei. Oan de noardkant, dy fan it Waad, leit ek in fytspaad. Der lizze útstellen om by it opheegjen fan de daam yn de takomst dochs noch in spoar oan te lizzen.

Al yn de 17e iuw waarden de earste plannen makke foar in ôfslútdyk, mar yn dy tiid bleau it by plannen; der waard oannommen dat it drûchlizzen fan de binnensee technysk net útfierber wêze soe. Dat feroare earst yn 1886. Dat jier waard de Suderseeferieniging oprjochte, dy’t ûndersykje woe oft de Sudersee ek ynpoldere wurde koe. Yngenieur Cornelis Lely wie der ek lid fan en hy makke it plan foar it projekt. Yn 1913, doe’t Lely al minister fan Wettersteat wie, waard de ynpoldering yn it regearprogram opnommen. Yn dy tiid wiene der noch in protte protesten, mar nei de wettersneed fan 1916 wie de tiid ryp foar it projekt en twa jier letter gie it parlemint dan ek akkoart.

Yn juny 1920 gie it projekt fan start. Der waard begûn mei it oanlizzen fan de Amsteldjipdyk fan Noard-Hollân nei Wieringen, dat yn dy tiid noch in eilân wie. Sân jier letter begûn de oanlis fan de Ofslútdyk echt. Der waard besletten om by fjouwer plakken te begjinnen. Fan de beide kanten ôf, yn Fryslân en Noard-Hollân, en fan it wurkeilân Breesân ôf.

Op 28 maaie 1932, middeis om twa minuten oer ienen, fiif jier nei it begjin fan de bou, waard it lêste gat yn de Ofslútdyk sletten. Fjouwer moanne letter, op 20 septimber 1932, waard de namme fan de Sudersee offisjeel feroare yn de Iselmar. Noch ris in jier letter waard op 25 septimber 1933 de dyk iepene foar it ferkear.

Yn de Ofslútdyk sit krekt foar de Fryske kust in knik yn de dyk. Dy knik is ynboud om sa de útstream fan de Iselmar makliker te meitsjen. It slûzekompleks fan Koarnwertersân wetteret ôf op de skeane slinke fan de Middelgrûnen. It like de yngenieurs better om it slûzekompleks rjocht op de slinke te pleatsen, omdat it wetter dan yn in rjochte line fuort streamt.

Oer de hiele wrâld is der noch altiten in soad bewûndering foar it fakmanskip wêrmei't de Ofslútdyk boud is. De dyk waard oanlein sûnder kompjûters en oare avansearre apparaten. De bou fan dy dyk befêstige de posysje fan Nederlân yn de wetterboukunde.

De Ofslútdyk aan de kant fan Noard-Hollân, mei it stânbyld fan Lely

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich, mei de Dútske oanfal op Nederlân yn maaie 1940, is der tige fûl fochten om de Ofslútdyk en de skermutselingen binne letter ferneamd wurden ûnder de namme Slach om de Ofslútdyk. De Dútsers hawwe út alle macht besocht om oer de Ofslútdyk te kommen, mar dat is harren net slagge.

Yn it Kazemattemuseum by Koarnwertersân wurdt omtinken jûn oan dat barren.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]