Wâlterswâld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wâlterswâld
Flagge fan Wâlterswâld Wapen fan Wâlterswâld
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wâlterswâld
Gemeente Dantumadiel
Ynwennertal (2014) 993
Webstee Webstee Wâlterswâld/Driezum

Wâlterswâld is in doarp yn de gemeente Dantumadiel, oan de eastkant fan de Dokkumer Wâlden, west fan Driezum. It doarp hat likernôch 993 ynwenners (2014).

Wâlterswâld is in feanûntginningsdoarp dat by twa ûntginningsassen lâns, de Foarwei en Koaileane/Achterwei, ta ûntwikkeling kommen is. It is it iennichste doarp fan de Dokkumer Wâlden wêr’t de kearn rûnom de tsjerke oan de Achterwei kommen is. Oan dy wei en de Koaileane binne de spoaren fan de âlde agraryske bebouwing te finen. Oan de Achterwei in mids 19e ieusk wâldpleatske, oan de Koaileane itselde type en in foarse kop-hals-romppleats út it lêste kwart fan de 18e ieu. Oan de Foarwei steane in tsiental ferskillende en frij geve buorkerijen út it lêste kwart fan de 18e en út de 19e ieu.

De herfoarme tsjerke stiet oan de Achterwei op de krusing mei de Tsjerkeleane, earder de Woutersleane. De ienfâldige sealtsjerke mei in trijesidich sletten koar en yn ferhâlding lytse rûnbôgefinsters ferfong yn 1805 in oare tsjerke. De preekstoel is ek út dy boutiid. De toer is in yn de 17e ieu oplutsen fan âlder, fannijs brûkt boumateriaal en wurdt dekt troch in wat ynsnuorre piramidale spits. Oan de Achterwei stiet de karakterisearre pastorije yn de lette 19e-ieuske mingde styl. Tsjinoer de tsjerke stiet it ferieningsgebou Maranatha út 1926. It falt op troch it foarútspringende middenpart mei in tradisjonele trepgevel.

Oan de Foarwei oan de Driesumer kant stiet de yn 1922 nei ûntwerp fan Ane Nauta (1882-1946) boude grifformearde tsjerke. Dy ferfong in ienfâldige foargonger út de 19e ieu, hat in T-foarmige plattegrûn en klimmende finsterrige yn de geveltoppen. Westlik fan de leech útboude yngongsportyk riist de yn segminten ferdielde toer op mei in list op de oergong fan romp nei fjouwersidige spits.

It eardere sûkereifabryk oan de Foarwei hat de foarm fan in grutte buorkerij: it is ien fan de pear spoaren fan de yn de 19e en betide 20e ieu bloeiende tylt en ferwurking fan dit gewaaks yn Dantumadiel. It ensemble mei direkteurswente is fan ûngefear 1920. Tsjintwurdich is it in grûnferset- en houtferwurkingsbedriuw.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

It "twilling-doarp" fan Wâlterswâld is Driezum. Wâlterwâld dielt ferienings en tsjerken en doarpskrante mei Driezum. It mienskiplike doapshûs, "De Nije Warf" stiet yn Wâlterswâld.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Wâlterswâld[bewurkje seksje | edit source]

Eveneminten[bewurkje seksje | edit source]

  • De Hynstedagen binne meast ein july.
  • De Kennedymars Wâlterswâld-Driezum is in kuiertocht fan 80 km, dy't binnen 20 oeren rûn wurde moat.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • Achterwei -
  • Blaulânsreed -
  • Bonifatiusstrjitte - sindeling Bonifatius
  • Brakkenspaad -
  • Broekloane -
  • Dinzerloane -
  • Dokkumerloane - leane nei Dokkum
  • Dwarsikker -
  • Foarwei -
  • Fuldastrjitte - nei kleaster Fulda
  • Gouweloane -
  • Halepaad -
  • Koailoane -
  • Mearikkerpaad -
  • Mids yn 'e Wrâld -
  • Prysterikker -
  • Reinous Reed -
  • De Sânharst - Súdeastlik fan Wâlterswâld leit yn de lannen in frij heech sânplak. It plek wurdt troch Jacob Botke yn syn boek "De gritenij Dantumadiel" omskreaun as in ‘frij heech, droech, sânich plak'; der woe hast neat groeie.
  • Spyckhernsterpaad -
  • Trekwei -
  • Tsjerkeloane -
  • Waldheem -
  • Wâlddyk -

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]