Driezum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Driezum
Flagge fan Driezum Wapen fan Driezum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Driezum
Gemeente Dantumadiel
Ynwennertal (2010) 981
Webstee Webstee Driezum
Buorren Driesum

Driezum is in doarp mei in 964 ynwenners ( jannewaris 2007 ) yn de gemeente Dantumadiel. It doarp is it meast eastlike fan de Dokkumer Wâlden. Oan de westkant fan Driezum leit it twillingdoarp Wâlterswâld, dêr't Driezum in protte ferienings mei dielt. Yn it agraryske doarp waard eartiids sûkerei, mar ek woartels ferboud. Driezum waard dêrom ek wol de Woartelstêd neamd. Der is in iepenbiere skoalle yn it doarp.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Terp[bewurkje seksje | edit source]

It âldste part fan Driezum leit in lytse twa kilometer oan de noardkant fan Driezum, dêr leit de Driezumer terp. De terp is yn de Twadde Wrâldoarloch ôfgroeven. Op de terp stie de Canterstate, dy't yn de 19e ieu ôfbrutsen is. De state wurdt foar it earst neamd yn it "Register van den Aanbreng" út 1511 en neamd is nei de grutgrûnbesitster Renscke Jacobs Canter. Dochter Anna Canter, de lettere eigenaresse, trout mei de skepen Jacob Adams, dy't yj it stedsbestjoer fan Ljouwer siet. Hy liet him ek Canter neame. De state is lang yn it besit fan de famylje bleaun. Omdat der yn 1847 in te leech bod útbrocht waard op de state, besleat de eigener Petrus Jacobus van Knijff de state yn 1855 ôfbrekke te litten. De terp is yn de Twadde Wrâldoarloch foar it grutste part ôfgroeven. By graafwurk oan in sleat by de terp binne yn 1895 in soad Romeinske munten fûn.

It streekdoarp[bewurkje seksje | edit source]

It streekdoarp sels is yn de midsieuwen lâns in ûntginningsas de hjoeddeiske, Efterwei/fan Sytzamawei, fierder yn kultuer brocht. Heaks op de as waarden lange sletten groeven. Op it plak fan it earste houten tsjerkje ûntstie letter de earste buorren. Yn de Midsieuwen stienen der wol fiif stinzen: Canter State, Halbada State, Ophuystra State, Jarichsma State en Rinsma State. Fan Driezum rûn de Driezumer Feart nei de Driezumer Mar. Fan de mar rûn de Driezumer Ryd de Driezumer terp bylâns fierder nei it noarden, en kaam troch de Driezumer Syl út yn it Dokkumer Djip.

Rinsmastate[bewurkje seksje | edit source]

Oan de eastkant fan Driezum leit it buorskip Eastwâld. Tusken Driezum en Eastwâld leit Rinsmastate, fan âlds in aadlike state dêrt de baronnen van Sytsema wennen oan 1931 ta. Guon fan harren wiene boargemaster fan Dantumadiel. Douwe Jan Vincent van Sytzama is de bekendste út dit aadlike geslacht. Hy wie de earste boargemaster fan Dantumadiel, lid fan de Fryske Steaten en keamerhear fan Willem III. Yn 1942 waard it in hûs foar de âlderein mar troch bommen en brân waard it yn de oarloch fernield. Ek it wetterskip hat der letter noch in skoftke yn sitten. Fan 1971 oant 1999 wie de state it gemeentehûs fan Dantumadiel. It is no yn besit fan de Van Sytzama Stifting. Om Rinsmastate hinne leit in park, better bekend as de Driezumer bosk.
Efter Rinsmastate is yn 1972 it baggerdepot Petsleat/Swemmer oanlein. Dit baggerdepot is yn 1985 omfoarme ta rekreaasje- en natoerterrein "Rinsma pôlle".

Skoalhûs[bewurkje seksje | edit source]

Skoalhûs út 1787

Tsjerkestrjitte 2 is in skoalhûs út 1787. It gebou hat in sealdak tusken topgevels. Boppe de yngong is in topgevel oplutsen dêr't in stiftingsstien en Anno 1787 yn bemitsele sit. De gegeanegrûn hat seisrútsfinsters; de finsters yn de topgevel hawwe in lytsere ruodsjes yn it rút. Yn de rjochter keamer sit in ienfâldige betimmering en in 18e ieuske doar. Dit pân is in ryksmonumint.[1]

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

De feriening foar Doarpsbelangen Driezum hat in beliedsplan opsteld foar de perioade 2001 - 2011 mei de namme: "Driezumer takomst woartele yn it ferline". Der wurdt geregeld mei de gemeente oerlein. Mei Wâlterswâld hat Driezum in doarpskrante.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Ien kear yn't jier, sa ein augustus wurdt de Kennedymars fan Driezum nei Wâlterswâld organisearre. It giet der om, binnen 20 oeren 80 km. te rinnen. In oar evenemint is de hyndertriatlon Driezum-Wâlterswâld.

  • Fuotbalferiening VIOD
  • De Fleanende Pylken - darts
  • Onvoorspelbaar - biljerten
  • Utdagers - biljerten
  • Lyts Begjin - keatsen
  • Excelsior - muzyk
  • Jubilate deo - sjongen
  • De Wâldtsjers - folleybal
  • Fûgelwacht Driezum-Wâlterswâld
  • Redsum - gymnastyk
  • Ut 'e Sleur - feest
  • It Plûmke - badminton

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Driezum[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten yn Driezum[bewurkje seksje | edit source]

  • Brakkenspaad -
  • Achterwei -
  • Canterstrjitte - Canterstate
  • De Steech -
  • Driezumerterp - Driezumerterp
  • Eastwâld - Eastwâld
  • Foarwei -
  • Freulestrjitte - dizze ‘freule' wie de lêste telch fan de Van Sytzama's dy't Rinsmastate as bûtenferbliuw brûkte.
  • Headollewei -
  • H.G. van der Veenstrjitte - Fryske skriuwer Hjerre Gjerrits van der Veen
  • Kolkensloane -
  • Leiensingel - Dizze sydwei fan Eastwâld mei dan in eintsje fan de aadlike Rinsmastate ôflizze, it heart wol by it lângoed. It leantsje is grif oanlein om 1863 en waard ûnder mear brûkt om efter de state te kommne. De namme Leiensingel waard pas op 27 febrewaris 1990 troch de gemeenteried fêststeld en ferwiist nei it gebiet efter it park dat oantsjutten waard mei De Leien.
  • Master Hofstrastrjitte -
  • Nijewei -
  • Ophuystrawei - Ophuystra
  • Sape Meijerstrjitte - Sape Meijer
  • Singel -
  • Terpwei -
  • Trekwei - bylâns de Strobosser Trekfeart
  • Tsjerkestrjitte -
  • Van Zytsamawei - Douwe Jan Vincent van Sytzama
  • Wâlddyk -

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ryksmonumint 11682
.