De Falom
|
|||||
| Gemeente | Dantumadiel | ||||
| Ynwennertal (2004) | 262 | ||||
| Webstee | Webstee Broeksterwâld | ||||
De Falom (Nederlânsk: De Valom) is in doarp yn de gemeente Dantumadiel, bewesten de Westereen. It doarp hat likernôch 262 ynwenners (2004). Troch it doarp rint de Falomster Feart mei lintbebouwing, krekt as oan de trochgeande dyk Nijegea-Dokkum. Der is gjin echte buorren trochdat de drokke dyk noard-súd dwers troch it doarp rint.
De Falom is yn de 16e ieu ûntstien as Feankoloanje, in delsetting foar feanarbeiders. Der waard in feart, de Falomsterfeart, groeven om de ôfgroeven turf ôf te fieren. De feart wie ek om oerstallich wetter ôf te fieren. Om tsjin te gean dat der sâlt wetter, dat yn it gebiet beëasten De Falom stie, troch de feart yn it grûnwetter komme soe, waarden der plannen makke om in slûs yn de feart te meitsjen. Troch jildpine kaam dy der net, wol waard der in "overtoom" oftewol in falom oanlein: in konstruksje om in skip oer lân fan it iene farwetter yn it oare te lûken. Sa waard it swiete en it sâlte wetter skieden holden. De Falom krige dêrtroch syn namme.
Sûnt 1964 is De Falom in selsstannich doarp, dêrfoar wie it in buorskip fan it eardere doarp Moarrewâld.
Ynhâld |
Mienskip [bewurkje seksje]
It doarp hat in Feriening Doarpsbelang. De Falom en Broeksterwâld dogge in soad mei-inoar. Sa stiet it doarpshûs De Pipegaal fan De Falom oan de ds. Feitsmastrjitte yn Broeksterwâld. De basisskoalle hjit De Wel.
Ferienings [bewurkje seksje]
- Fuotbalferiening Broekster Boys
- Dit is wat ús bynt - manljuskoar
- Wâldflucht - dowehâlders
- Fûgelnocht - foliêrehâlders
Befolking [bewurkje seksje]
Strjitnammen [bewurkje seksje]
- De Houtwielen -
- Achterwei -
- Auke Jansstrjitte -
- Hegewâl -
- Haadwei -
- Mûnewei -
- Rinewâl - fytspaad bylâns de Falomster Feart. De wurden ‘rien' en 'ryn' binne nammen foar wetter dat yn beweging is.