Broeksterwâld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Broeksterwâld
Flagge fan Broeksterwâld Wapen fan Broeksterwâld
Flagge Wapen
Lokaasje fan Broeksterwâld
Gemeente Dantumadiel
Ynwennertal (2004) 1276
Webstee Webstee Broeksterwâld
De Grutte Mûne yn it Bûtefjild

Broeksterwâld is in middelgrut doarp yn de gemeente Dantumadiel mei 1.276 ynwenners (1 jannewaris 2004). It doarp leit yn it hert fan de Dokkumer Wâlden.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It doarp is boud op ôf- en útfeante grûn. "Broek" betsjut "sompich lân". It hiele gebiet tusken de eardere doarpen Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld stie earder bekend as "(De) Broek". No binne der westlik van Broeksterwâlde, rjochting Feanwâlden, noch altyd feanlânskippen te sjen, lykas It Bûtenfjild. Nammerste mear men eastliker fan Broeksterwâlde komt, feroaret it lânskip hieltyd mear yn sângrûnen, tink dêrby oan De Sânhorst tichteby Driezum. It doarp leit op de grins fan de Dokkumer Wâlden

Lange tiid hearde de Broek, ek wol de Broekpollen neamd, by Ikkerwâld. It is in betreklik jong ûntginningsdoarp dat ûntstien is op de ôf- en útfeane grûn. De meast betide fermelding, yn de tiid dat it feangebiet noch net bewenne wie, stiet yn in oarkonde út 1453. Dan is der sprake fan “de wey wr de fean to meckyen ende to halden twischen den Broek ende dae Swetta”, om it paad oer it fean te meitsjen en te ûnderhâlden tusken de Broek en de Swette. Dat binne no Singel, Schwartzenbergenlaan en de Goddeleaze Singel. Broeksterwâld is ûntstien as wenplak foar arbeidersfolk yn de omkriten. Eartiids wie it in buorskip fan Ikkerwâld mei as namme De Ikkerwâldster Broek. Mar yn 1964 waard it plak in selsstannich doarp en krige it as offisjele namme Broeksterwâld. Lykwols hjit it yn de folksmûle noch hieltyd De Broek.

Even ten westen fan it doarp stiet de Broekmûne, in poldermole út 1876 en De Grutte Mûne út 1887.

It begraafplak fan Broeksterwâlde leit op liemgrûn. Hjirtroch kin der minder soerstof by de liken komme, sadat se net fergeane. Dit ferskynsel wurdt adipocire neamd.

Ferbinings[bewurkje seksje | edit source]

De N356 ferbynt it doarp nei it noarden mei Damwâld en Dokkum, en nei it suden mei De Falom en Feanwâlden en fia de Boppewei mei de Westerein. Fia de Broekster Feart en de Falomster Feart is der ferbining mei de Swemmer.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Tsjintwurdich hat it doarp in protte wenten yn de frije sektor en beskikt it oer ien basisskoalle (De Wel), twa tsjerken en yn ferhâlding in soad lytse selsstannige ûndernimmers. Foar in protte foarsjennings binne de ynwenners lykwols oanwiisd op Damwâld, De Westerein of Dokkum.
Trochdat it doarp lyts bleaun is is de mienskipssin grut. Der is in doarpshûs, De Pipegaal, en in soad ferieningen. Der is in soad te rêden : fan konserten en toanieljûnen oant tipelwedstriden en alle jierren in doarpsfeest.

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | edit source]

Ferieningen[bewurkje seksje | edit source]

Bekende Broeksterwâldster[bewurkje seksje | edit source]

  • Piet Jongeling (1909-1985), sjoernalist, fersetsman, politikus en berneboekeskriuwer.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten yn Broeksterwâld.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: