De Westereen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Westereen
Flagge fan De Westereen Wapen fan De Westereen
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Westereen
Gemeente Dantumadiel
Ynwennertal (2008) 5175
Webstee Webstee De Westereen
Nije Feart, De Westereen

De Westerein, De Westereen (1-1-2009 offisjeel Frysk, Nederlânsk: Zwaagwesteinde), is ien fan de tsien doarpen fan de gemeente Dantumadiel, yn it súdeasten fan de gemeente. It doarp hat 5.175 ynwenners (1 jannewaris 2008).

Untstean[bewurkje seksje | edit source]

De namme fan it doarp betsjut de westlike ein, fan Kollumersweach. It doarp is ûntstien as de westein fan it dykdoarp Kollumersweach, benammen dat part dat yn Dantumadiel lei. Dit dykdoarp, de dyk fan Feanwâlden nei Kollum bylâns, wie fral in doarp fan lytse keaplju en arbeiders. Yn de rin fan de 20e ieu hat Kollumersweach him fierder eastlik, tichter by Feankleaster ûntwikkele, wylst de Westerein him los dêrfan westliker by de Nije Feart ûntwikkele, en útwreide nei it suden nei it spoar fan Ljouwert nei Grins.

Ein 1700 fêstige him hjir de joad Salomon Levy út it Dútske Hessen.

Op 18 desimber 2007 hat de folsleine Ried fan Dantumadiel by moasje besletten de eigen Fryske taalkleur fan De Westerein, troch it staverjen fan de offisjele doarpsnamme yn de GBA as "De Westereen", foar de takomst fêst te lizzen. De Fryske Akademy sil de namme sa ek yn de wurdboeken opnimme, mei de fermelding dat de net-Westereender Friezen de namme ornaris as 'De Westerein' útsprekke.

Fryske Wâlden[bewurkje seksje | edit source]

De Westerein leit yn De Wâlden mei in soad beamwâlen en pingo's.

Troch de noch oan te lizzen Sintrale As sil De Westerein oer in pear jier noch better berikber wurde. Der bestean al fiergeande plannen foar in rûnwei om De Westerein en in nije brêge oer it kanaal De Swemmer. Dy nije wei oer it kanaal sil dan ek oansluting krije op de Sintrale As. De oare ferbining is dy oer de turborotonde en de Boppewei.

Ferbinings[bewurkje seksje | edit source]

De Westerein leit op de eastigge fan de Nije Feart, in part fan de Swemmer. Dit wetter jout nei it suden ta ferbining mei de Burgumer Mar en it Prinsesse Margrietkanaal en nei it noarden mei Westergeast en it Dokkumer Djip.

De Foarstrjitte ferbynt it doarp nei it easten ta mei Kollumersweach. Nei it westen jout de Boppewei ferbining mei de N356 en fia de Easterein mei Feanwâlden.

Yn it suden hat it doarp sûnt 1902 in spoarstasjon, mei de geografyske ferkoarting Zww. It spoar ferbynt it doarp mei Ljouwert en Grins. It stasjonsgebou is yn 2003 ôfbrutsen fanwege âlderdom.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

De doarpsferiening hjit De Westereen. De feriening 112 organisearret sûnt 2005 om it jier yn febrewaris in doarpsfeest. It sportpark hjit De Wieken. Oan de Sportleane is swimbad De Frosk. De Westerein hat in indoor fierljephal. Hjir wurdt winterdeis treend. Bern dy't eartiids foar it earst nei skoalle gienen mochten in stik koeke fan de Koekebeam plukke. Dizze Koekebeam stie ferstoppe op de souder fan de skoalle.

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn De Westerein[bewurkje seksje | edit source]

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • AVIOS-SVK - gymnastyk
  • AVIOS - follybal
  • Fuotbalferiening De Westerein
  • tennisferiening
  • Harmonia - korps
  • It Koarkje - fiskjen
  • ANJA - tafeltennis
  • Ids - skeelerjen
  • Hynstefreon en Het Paardenvriendje - hynsteriden

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten fan De Westerein.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: