Skerpenseel (Fryslân)
Skerpenseel | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Weststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 450 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 13,81 km², wêrfan: - lân: 13,79 km² - wetter: 0,03 km² | |
Befolkingsticht. | 69 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8483 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 50' N 5° 52' E | |
Lokaasje Skerpenseel (grien) yn de gemeente Weststellingwerf | ||
Offisjele webside | ||
Side De Blesse-Pepergea | ||
Kaart | ||
Skerpenseel is in doarp tusken Wolvegea en De Kúnder súdwest fan de Rottige Meente yn de gemeente Weststellingwerf. Eastlik yn 'e himrik leit de buorskip Grêft.
Skerpenseel hat 450 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al om 1100 hinne wennen minsken yn de krite dy't no de Grutte Feanpolder neamd wurdt, mar pas yn de midsiuwen kaam de bewenning echt op gong. Der ûntstiene delsettings, meastentiids yn tropkes by elkoar. Sa ûntstienen de doarpen yn 'e Grutte Feanpolder: Munnikebuorren, Skerpenseel, Spangea en letter De Langelille en Nijetrine. Tusken dy doarpen wienen ek ferbiningswegen. Dat wiene earst paeden, saneamde Binnenwegen. Doe't it ferlet oan mear en bettere ferfiersmooglikheden groeide, waarden ek 'Bûtenwegen' oanlein. Dy wienen breder en ek geskikt foar weinen mei hynders. Sa ûntstie bygelyks de Grindwei.
Yn de 19e iuw waard der yn 'e krite in soad turf groeven. Op de Eekhoff-kaart fan 1850 is te sjen dat de bebouwing fan it doarp dan yn westlike rjochting nei de Grindwei begjint te ferskowen. It doarp bestiet tsjintwurdich út in oardel kilometer lange lintbebouwing, dy't yn noardlike rjochting minder sletten is.
Skerpenseel is it sintrale doarp fan de Grutte Feanpolder.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in mienskiplike feriening foar Pleatslik Belang mei oare doarpen yn 'e Grutte Feanpolder. Der is ek in brânwarkazerne yn it doarp dy't de Grutte Feanpolder as wurkgebiet hat en dêrneist geregeld de brânwar fan Wolvegea helpe moat by brannen yn Wolvegea.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fuotbalklub fan Skerpenseel is de op 29 febrewaris 1932 oprjchte club V.V. De Westhoek. De thúshaven fan De Westhoek is tsjintwurdich it sportkompleks It Scheenefjild en de Skeakel, fêstige yn Munnikebuorren. De akkommodaasje moat dield wurde mei fuotbalclub V.O.G.
Bekende ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Peter Stuyvesant, de stifter/oprjochter fan Nij Amsterdam (no New York), is hjir grutbrocht. Oer syn berteplak binne ferskillende ferhalen, wêrûnder dat hy berne wêze soe yn Skerpenseel.
- Dewi Pechler, earder Idols finaliste, is opgroeid yn Skerpenseel en wenne by de opnames fan it programma yn Skerpenseel.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2009 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 573 | 528 | 444 | 421 | 370 | 449 | 439 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||
Ynwenners | 428 | 440 |
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kragge, De Ribbe, Fuotpaad, Gracht, Grindwei, Nijewei, Seedyk.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fryske doarpen.
- Skerpenseel yn de provinsje Gelderlân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Weststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert • Wolvegea | ||
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) | ||
· · |