Pablo Neruda
Pablo Neruda (Parral, 12 july 1904 – Santiago, 23 septimber 1973) is de skûlnamme fan de Sileenske dichter Neftalí Ricardo Reyes Basoalto (folslein: Ricardo Eliecer Neftalí Reyes Basoalto).
Hy neamde him Pablo Neruda nei de troch him bewûndere Tsjechyske dichter Jan Neruda (1834-1891). It út de wei gean fan spul mei syn folk soe hjirby in rôl spile hawwe; se woenen net dat hy skriuwer wurde soe. Pablo Neruda waard letter syn offisjele namme.
Neruda is berne yn Parral, in stêd ûngefear 300 kilometer ten suden fan Santiago, dêr't syn heit by it spoar wurke. Syn mem ferstoar koart nei syn berte. Net lang dêrnei ferhuzen Neruda en syn heit nei Temuco, dêr't syn heit troude nei Doña Trinidad Candia Malverde.
Op syn trettjinde stjoerde Neruda in oantal fan syn gedichten nei de lokale krante, La Mañana. Syn earste gedicht hjitte Entusiasmo y perseverancia (Entûsjasme en trochsetten). Yn 1920 stjoerde hy mear gedichten nei it literêre blêd Selva Austral, ûnder it pseudonym 'Pablo Neruda'.
Syn earste gedichtebondel, La Canción de la fiesta, waard publisearre yn 1920. Yn 1923 brocht hy Crepusculario út, en yn 1924 publisearre hy Veinte poemas de amor y una canción desesperada (Tweintich gedichten oer leafde en in liet oer wanhoop), ien fan syn bekendste wurken.
De diplomaat Pablo Neruda waard oansteld as Sileensk konsul yn Spanje, Madrid. Hy wie wyls troud op 6 desimber 1930 mei de Yndysk-Nederlânske Maria Antonia Hagenaar, mei wa't hy yn 1934 in dochter krige. Dit bern, Malva Marina, lijde oan hydrosefaly, in steuring yn de ôffier fan it harsenfocht, (wetterholle). By it útbrekken fan de Spaanske boargeroarloch yn 1936 gie it span út elkoar ( nei tydlik flechte te wêzen nei Monako ta). Pablo Neruda wertroude noch twa kear, mar Malva Marina bleau syn ienichst bern.
Maria Hagenaar gie mei har twadde bern werom nei Nederlân, dêr't se it ûnder de hoede fan in bernefaam by in pleechgesin yn Gouda ûnderbrocht. Hjir is it bern op 2 maart 1943 ferstoarn en begroeven op it begraafplak Vorstmanstrjitte, grêf rige M fan fek B, ûnder de namme Malva Marina Reijes. Neruda hat noait omsjoen nei syn dochter, ek net yn syn wurk. De mem, dy't yn De Haach wenne, brocht op fêste tiden jild nei Gouda foar it ûnderrhâld fan it bern.
De Nederlânske dichteresse Hagar Peeters wurket oan in boek oer it 'ferjitten' Nederlânske bern fan Neruda, dat yn 2009 publisearre wurde sil.
In bekend wurk fan Neruda is Canto General (1950), dat ek yn it Nederlânsk oersetten is. Canto General is wiidweidich wurk oer Noard- en Latynsk-Amearika. Hy skreau dit as banneling, wylst hy him ferburgen hâlde yn 1948 en 1949, doe't hy ferfolge waard troch it regear fan Gabriel González Videla (1948-1952), dy't de Kommunistyske Partij, dêr't Neruda as senator foar keazen wie, ferbean hie.
Neruda krige yn 1945 de Premio Nacional de Literatura de Chile. Yn 1971 waard hy ûnderskieden mei de Nobelpriis foar de Literatuer.
Neruda, dy't al langer yn in sikehûs opnomd wie mei kanker oan de prostaat, ferstoar dêr oan in hertoanfal yn 1973. Syn ferstjerren wie tolve dagen nei de gewelddiedige dea fan syn freon Salvador Allende, de keazen demokratyske presidint fan Sily dy't by in bluodrige antikommunistyske, militêre kûp op 11 septimber 1973 om it libben kaam. De nasjonale begraffenis fan de dichter, in iepenbiere manifestaasje dy't ferbean wie ytroch de militêre machthawwers fan generaal Pinochet, groeide troch it hommelske ferskinen fan tûzenen yn de Sileenske strjitten út ta de earste publike protestmanifestaasje tsjin de nije militêre diktatuer.
Neruda's huzen yn Santiago (La Chascona), Valparaíso (La Sebastiana) en Isla Negra binne tsjintwurdich iepensteld foar besikers. Syn keunstwurken en besittingen binne dêr tentoansteld.
[bewurkje seksje] Biografy (karút)
- 1950 - Canto General Nederlânske ersetting 1984 troch Mark Braet, Willy Spillebeen en Bart Vonck, Rainbow Pocketboek 30, ISBN 90-6766-030-2
- 1974 - Ik beken ik heb geleefd - herinneringen besoarge troch Matilde Neruda en Miguel Otero Silva, Ned. oersetting fan Robert Lemm, earste printinge yn 1975 yn twa dielen by Utjouwerij De Arbeiderspers; Twadde printinge: Utjouwerij Prometheus, 2002 (ISBN 90-446-0154-7)
- 1959 - Honderd liefdessonnetten befettet ek de oarspronklike Spaansktalige gedichten; Ned. oersetting fan Catharina Blaauwendraad, 2003, Utjouwerij Prometheus (ISBN 90-446-0299-3)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pablo Neruda fan Wikimedia Commons. |