Oade oan de Sipel

Ut Wikipedy
Oade oan de Sipel
algemiene gegevens
oarspr. titel Oda a la Cebolla
auteur Pablo Neruda
taal Spaansk
foarm poëzij
sjenre gedicht
1e publikaasje 1954, Buenos Aires
bondel Odas Elementales
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Oade oan de Sipel
publikaasje 1981, De Jouwer
útjouwer De Hynsteblom
oersetter Klaas Bruinsma

Oade oan de Sipel yn it oarspronklike Spaansk: Oda a la Cebolla, is in gedicht fan 'e hân fan 'e grutte Sileenske dichter en winner fan 'e Nobelpriis foar de Literatuer Pablo Neruda (1904-1973). It waard foar it earst útjûn yn 1954 as ûnderdiel fan 'e bondel Odas Elementales en wurdt algemien beskôge as it bêste gedicht út dat boek fan oades oan 'e lytse dingen yn it libben, en miskien wol as it bêste gedicht dat Neruda ea skreaun hat.

Yn 'e Oda a la Cebolla beskriuwt Neruda yn befleine bewurdings it bestean fan 'e sipel fan syn alderearste ûndergrûnske begjin oant syn ein 'e minsklike koken. In passaazje dy't jin bybliuwt, is dy dêr't er it ûntspruten fan 'e sipel yn 'e ierde ferliket mei de berte fan 'e Grykske goadinne Afrodite út 'e see, of dêr't er seit: "Nos hiciste llorar sin afligirnos" ("Do makkest ús oan it gûlen sûnder ús kwea te dwaan").

Mei't Neruda njonken syn libben as dichter ek politikus wie en tige aktyf yn 'e Sileenske Kommunistyske Partij, hawwe in soad minsken yn syn Oda a la Cebolla in polityk boadskip sjen wollen, en it is wier dat Neruda der neat ferkeards yn seach om syn dichtwurk as in fehikel foar syn politike gedachteguod te brûken. Mar yn dit gefal liket dat net op te gean. Twaris ferwiist er yn it gedicht nei de sipel as it iten fan 'e earmen, mar dat is net mear as in feitlike fêststelling, en fierders hat de Oda a la Cebolla gjin inkele politike lading.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Oda a la Cebolla ferskynde yn 1981 as Oade oan de Sipel yn in lyts boekje dat útjûn waard by útjouwerij De Hynsteblom, op 'e Jouwer. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Klaas Bruinsma en it tolve siden tellende boekje omfettet ek it Spaansktalige orizjineel. Oersetting, orizjineel en de printkladde fan 'e útjefte troch Karel F. Gildemacher binne op 'e noed fan Tresoar en kinne dêre ynsjoen wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Neruda, Pablo, Oade oan de Sipel, De Jouwer, 1981 (De Hynsteblom), sûnder ISBN.