List fan bylden yn Achtkarspelen
Ut Wikipedy
Dit is in (net folsleine) gronologyske list fan bylden yn Achtkarspelen. Under in byld wurdt hjir ferstien elk trijediminsjoaal fisueel keunstwurk yn de iepenbiere romte fan de gemeente Achtkarspelen, dêr't byld by brûkt wurdt as sammelbegryp foar skulptueren, stânbylden, ynstallaasjes en oare byldhouwurken.
| Setten | Omskriuwing | Keunstner | Strjitte | Plak | Materiaal | Ofbyld |
|---|---|---|---|---|---|---|
| 1955 | sûnder titel, oarlochsmonumint | H.F. de Boer | Brêgeloane, by brêge oer Prinses Margrietkanaal | Stynsgea | swerfkeien | |
| 1960 | It Púnhynder | Jaap Rusticus | Groenkamp, OBS de Mienskip | Bûtenpost | bakstien | |
| 1977 | sûnder titel | Wilma Burgers-Gerritsen | Stationsstraat, by yngong gemeentehûs | Bûtenpost | brûns | |
| 1982 | De Twilling | David van Kampen | Wigerathorp | Gerkeskleaster | stien | |
| 1984 | De balkespringer | Frans Ram | Van Haersmastrjitte, foar gymnastyklokaal De Delfeart | Surhuzum | brûns | |
| 1987 | Date | Gosse Dam | Simke Kloostermanstrjitte | Twizel | brûns | |
| 1995 | Klokkespul | Tamme Hoekstra | Winkelsintrum de Kolk | Surhústerfean | brûns | |
| 1999 | De Mollefanger | David van Kampen | Nijkamp, foar senioarekompleks de Bôge | De Harkema | hurdstien | |
| 2001 | Hinne en werom | Marco Goldenbeld | Stasjonsplein | Bûtenpost | Waarfêst stiel | |
| 2008 | De Hikke (it stek) | Frans Ram | Bjirkewei | Twizelerheide | stiel |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |