Waarfêst stiel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jopie Huismanmuseum

Waarfêst stiel of Corten stiel (COR-TEN ®) is in koperhâldend stielsoarte. De sterkte is te fergelykjen mei dy fan oare legearde stielsoarten.

Waarfêst stiel[bewurkje seksje | edit source]

De rustkleurige oksydehûd skermet it djipperlizzende materiaal ôf fan soerstof, wêrtroch't de oksydaasje sterk fertraget, alhoewol't yn holtes dy't fol steane mei wetter de korroazje trochgiet.

Tapassing[bewurkje seksje | edit source]

Corten stiel wurdt tapast yn de skipsbou- en de (offshore-) yndustry fanwege de waarfêstens. Dêrby makket Corten stiel opgong yn de wrâld fan keunst en arsjitektuer. Dat de rustkleur fan de oksydehûd op 'en doer de omjouwing ferkleuret wurdt yn it algemien as in oer te kommen probleem beskôge. De ôfbylding toant in foarbyld fan de tapassing fan Corten stiel yn de arsjitektuer: de foargevel fan it Jopie Huisman museum yn Warkum.