Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen
De feriening Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen (IFKS) is op 19 desimber 1981 oprjochte yn kafee 'De Hinde' te Hylpen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Klassen
Fan 1982 oant 1984 wie der ien klasse dêr't alle skippen oan meidienen. Yn 1985 kaam der ek in B-klasse by. De lêste trije dielnimmers fan it klassemint yn de A-klasse degradearje en de earste trije dielnimmers fan it klassemint yn de B-klasse promovearje. Yn 1993 wienen der safolle ynskriuwers dat der in C-klasse by komme moast.
Yn 1995 is der in aparte klasse oprjochte foar lytse skûtsjes. Dat binne skûtsjes mei in maksimale lingte fan 17,10 meter. Dy klasse waard de b-lyts neamd. De C-klasse wie doe net mear nedich. De earste út it klassemint fan de b-lyts koe ek promovearje nei de grutte A-klasse. Peter de Koe hat yn 1997 dat rjocht brûkt om yn 'e A-klasse mei te dwaan.
Yn 1999 is de namme fan de lytse b-klasse feroare nei lytse a-klasse. Tagelyk is de B-klasse opdield yn B1 en B2. Dêrmei soenen nije dielnimmers flugger yn de A-klasse komme kinne as mei yn C-klasse. Mei in C-klasse hat in nije dielnimmer nammentlik op syn minst 3 jier nedich om yn de A-klasse meifarre te kinnen.
Dochs hat de IFKS yn 2002 wer in C-klasse ynsteld. Dêrtroch binne der no 4 klassen:
- Grutte A-klasse
- Lytse a-klasse
- B-klasse
- C-klasse
- A-klasse
| Seil- teken |
Namme | Plak | Skipper | Boujier | Ton | Werf |
|---|---|---|---|---|---|---|
| De Jonge Jan | Warten | Jelle Talsma | 1911 | 34 | Roorda, De Piip, Drachten | |
| De Yde | Parregea | Lolle Schakel | 1910 | 49 | Barkmeijer, Briltil | |
| Drie Gebroeders | Grou | Freddie v.d. Heide | 1915 | 29 | Barkmeijer, Dokkum | |
| Driuwpôle | Wâldsein | Kees Jonker | 1906 | 42 | De Roos en Van der Meijden, Ljouwert | |
| Eelkje II | Ealahuzen | Jeroen de Vos | 1914 | 42 | De Roos en Van der Meijden, Ljouwert | |
| De Goede Verwachting | Sleat | Walther de Vos | 1910 | 45 | Van der Werf, Snits | |
| Grutte Pier | It Heidenskip | Delmer Los | 1909 | 49 | Van der Werff, Langewijk, Drachten | |
| Hoop op Zegen | Frjentsjer | Peter de Koe | 1902 | 31 | Croles, Drylts | |
| Lytse Lies | De Gaastmar | Tony Brundel | 1910 | 25 | Roorda, De Piip, Drachten | |
| Nooit Volmaakt | Hylpen | Cees Riezebos | 1907 | 38 | Bijlsma, Warten | |
| Raerder Roek | Raerd | Michiel Kalsbeek | 1906 | 36 | Van der Werff, Buitenstvallaat, Drachten | |
| Singelier | Starum | Hendrik Keizer | 1905 | 49 | Barkmeijer, Briltil | |
| Striidber | Drylts | Siebo Zijsling | 1910 | 48 | Van der Werff, Buitenstvallaat, Drachten | |
| Sûn en Wol | Ljouwert | Siete Meeter | 1925 | 40 | Van der Werff, Buitenstvallaat, Drachten | |
| Ut en Thús | Nij Beets | Henk Regts | 1910 | 38 | Brandsma, Frjentsjer | |
| Verwisseling | Skuzum | Martin Vlasbloem | 1925 | 44 | Van der Werff, Buitenstvallaat, Drachten |
- A-lyts
| Seil- teken |
Namme | Plak | Skipper | Boujier | Ton | Werf |
|---|---|---|---|---|---|---|
| Avontuur | Aldegea | Sietse Broersma | 1906 | 32 | Van der Werff | |
| De tiid sil't leare | Lelystêd | Hielke Kuiper | 1905 | 32 | Wildschut | |
| Doeke van Martena | Ljouwert | Bart Siegers | 1906 | 31 | Van der Werff | |
| Elisabeth | Snits | Bas Krom | 1908 | 29 | Bijlsma, Warten | |
| Engelina Smeltekop | Earnewâld | Rinze Herrema | 1923 | 32 | Van der Werff | |
| Hoop Doet Leven | Nij Beets | Koos van Drunen | 1910 | 34 | Van der Werf, Snits | |
| Hoop en Vertrouwen | Ealahuzen | Tsjibbe van der Veer | 1913 | 33 | De Roos/Van der Meijden | |
| Hoop op Welvaart | Snits | Arnold Veenema | 1913 | 32 | Van der Werf, Snits | |
| Hoop op Zegen | Ljouwert | Eelke Boersma | 1909 | 32 | Van der Werf, Snits | |
| It Swarte Wief | De Tynje | Jaap Hofstee | 1903 | 30 | Bos, Ychtenbrêge | |
| Lutgerdina Smeltekop | Huizen | Andries Honing | 1904 | 28 | Van der Werff | |
| Lytse Earnewâldster | Earnewâld | Sjoerd Kleinhuis | 1908 | 28 | Bijlsma, Warten | |
| Nieuwe Zorg | Earnewâld | André Wiersma | 1905 | 28 | Draaisma | |
| Noarderling | Balk | Barry Hofman | 1907 | 30 | Barkmeijer | |
| Nooit Volmaakt | De Lemmer | Jochem v.d. Vaart jr. | 1896 | 34 | Barkmeijer | |
| Rust na Arbeid | Muiden | Rudolf le Poole | 1912 | 36 | Bijlsma, Warten | |
| Stad Harlingen | Harns | Sikke Tichelaar | 1910 | 35 | Van der Werf, Koatstertille | |
| Trije Doarpen | Aldegea | Jurjen Posthuma | 1910 | 36 | Wildschut | |
| Twa Famkes | Drachten | Pieter Jansma | 1912 | 29 | Van der Werff, Wergea |
[bewurkje seksje] Kampioenskip
De feriening organisearret it IFKS dat acht dagen beslacht; sân wedstryddagen en in frije snein.
| plak | dei |
|---|---|
| Hylpen | sneon |
| snein | |
| Starum | moandei |
| Heech | tiisdei |
| Sleat | woansdei |
| Ychtenbrêge | tongersdei |
| De Lemmer | freed |
| De Lemmer (finale) | sneon |
[bewurkje seksje] Kampioenen (Grutte A-klasse)
- 2011 - Sieb Meijer, Jonge Jasper
- 2010 - Delmer Los, Grutte Pier
- 2009 - Jelle Talsma, Jonge Jan ("De Poep")
- 2008 - Tony Brundel, Lytse Lies
- 2007 - Walter de Vries, Goede Verwachting
- 2006 - Tony Brundel, Lytse Lies
- 2005 - Tony Brundel, Lytse Lies
- 2004 - Jeroen de Vos, Eelkje II
- 2003 - Eelke Dijkstra, Oude Zeug
- 2002 - Eelke Dijkstra, Oude Zeug
- 2001 - Jacob Huisman, Ut 'e striid
- 2000 - Jacob Huisman, Ut 'e striid
- 1999 - Sieb Meijer, Jonge Jasper
- 1998 - Sieb Meijer, Jonge Jasper
- 1997 - Tony Brundel, Lytse Lies
- 1996 - Sieb Meijer, Jonge Jasper
- 1995 - Jitse Grondsma, Woeste Oane
- 1994 - Jitse Grondsma, Woeste Oane
- 1993 - Sieb Meijer, Jonge Jasper
- 1992 - Age Bandstra, Hoop op Welvaart
- 1991 - Age Bandstra, Hoop op Welvaart
- 1990 - Eldert Sietes Meeter, Vriendschap
- 1989 - Eldert Sietes Meeter, Vriendschap
- 1988 - Jan de Boer, Twee Gebroeders
- 1987 - André Hoek, Oeral Thús
- 1986 - Age Bandstra, Hoop op Welvaart
- 1985 - Jan Bakker, Hollandse Nieuwe
- 1984 - Age Bandstra, Hoop op Welvaart
- 1983 - Nico Hoek, Lutgerdina Smeltekop
- 1982 - Nico Hoek, Lutgerdina Smeltekop