Frysk-Hollânske Oarloggen

Ut Wikipedy

De Frysk-Hollânske Oarloggen wiene ferskate oarloggen (fjildslaggen en -tochten) yn de Midsiuwen fan Hollân tsjin Fryslân en West-Fryslân.

Hollân tsjin West-Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arnulf fan Hollân wie de earste dêr't fan optekene is dat er focht tsjin de West-Friezen. Yn de slach by Winkel sneuvele hy.

Fan Graaf Floris V fan Hollân is it bekend dat hy ek ferskillende tochten ûndernaam tsjin de West-Friezen. Yn 1272 begûn syn earste mar dizze mislearre. Hy ûndernaam yn 1282 op 'e nij in tocht tsjin de Westfriezen en dy kear rjochtet er skea oan en ferovert lytse gebieten. Nei't 13 en 14 desimber 1287 de Grutte Stoarm West-Fryslân ôfskieden hie fan de rest fan Fryslân ûnderwurp Floris hiel West-Fryslân. Floris V liet him dêrom fan 1291 ôf Hear fan Fryslân neame.

Nei de dea fan Floris V yn 1296 kaam in grut part fan West-Fryslân lykwols wer yn opstân en wie it benammen yn Westflinge ûnrêstich. Op 27 maart 1297 by de Slach by Froonen (sawat it tsjintwurdige Sint Pancras) fersloech it leger fan Hollân en Seelân de Westfriezen; it doarp waard by de slach ferwoaste. Yn 1299 waard it Greefskip Hollân omsetten ta it Greefskip Hollân en West-Fryslân.

Hollân tsjin de Friezen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beierske oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nederlannen hearden yn de Midsiuwen ta it gebiet fan de Dútske keizer. It meastepart fan de Nederlannen foel dêrby ûnder it bewâld fan de greve fan Hollân, de greve fan Gelre en de biskop fan Utert. Keizer Loadewyk IV de Beier befêstige yn 1314 dat Fryslân by Greve Willem III fan Hollân hearde. De Friezen sels akseptearren syn gesach lykwols net.

Willem IV fan Hollân gie tegearre mei syn omke, Hartoch Jan fan Beaumont, op 26 septimber 1345 nei Starum ta, om dêr by it Sint-Odulphuskleaster in sterke festing te meitsjen. Yn s't harnas, mar sûnder hynders, lutsen hja brânskattend op. De pleatslike befolking hie lykwols in mûklaach taret en yn de sompige kriten waarden de Hollanners ferpletterjend ferslein. Greve Willem stoar hjir ek. Dizze slach stiet bekend as de Slach by Warns.

Yn 1396 kamen Albrecht fan Beieren, greve fan Hollân, en syn soan Willem by De Kúnder oan lân en fersloegen de Friezen by Skoattersyl. Yn 1398 waard ûnder lieding fan Willem in twadde tocht makke, mei 20.000 man. Nei it belis fan Starum joegen Westergoa en Eastergoa har oer. Dochs bleau der wjerstân tsjin de Albrecht. Dy waard hieltyd grutter, oant yn 1413 de stêd Starum as lêste it gesach fan de greve wer ôfsmiet en Fryslân wer folslein ûnôfhinklik waard fan Hollân.

Boergondyske oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Albrecht fan Saksen fan keizer Maksimiliaan I de hearskippij oer Fryslân koft hie en yn 1498 yndie syn bewâld oer Fryslân fêstige hie. It wie lykwols net duorjende frede, en ek Gelre besocht ynfloed yn Fryslân te krijen. Albrecht syn soan, Joaris mei de Burd, die de rjochten dêrom yn 1515 oer op de Boergonjers. Om't de Hollânske greven steedhâlders waarden foar de Boergonjers waard it ferset tsjin Saksen en Boergonje sa mei ta in nije konflikt tusken Hollân en Fryslân.

Foaral bekend út dit Frysk-Saksysk-Geldersk-Hollânsk-Boergondysk konflikt is Grutte Pier fan Kimswert. De striid waard troch him net allinnich yn Fryslân en op de Sudersee fochten. Medemblik gou as útfalsplak fan de Hollânske legers nei Fryslân, en dêrmei as in stêd dy't in protte jild fertsjinne oan Fryslâns problemen. Faaks dêrom farden Grutte Pier en syn mannen tegearre mei de Swarte Heap op 24 juny 1517, op Johannes de Doperdei, nei West-Fryslân, foarby Inkhuzen, om yn 'e omkriten fan Wervershoof oan lân te gean. Yn in sucht waard Medemblik oerfallen. In soad waarden by dizze oerfal dea makke en inkele finzenen waarden letter tsjin in heech losjild frijlitten. In part fan 'e ynwenners fan de stêd flechte nei it kastiel ta, dêr't hja in feilich hinnekommen fûnen. De slotfâd Joast fan Buren wist de oerfallers bûten de poarte en de muorren fan it kastiel te hâlden. De oanfallers koenen lykwols al de stêd plonderje en letter stutsen hja de stêd yn 'e brân. De Swarte Heap sette dêrnei op Alkmar ta, wylst de Friezen nei harren lân weromgongen.

Yn Fryslân einige it konflikt yn 1524 doe't gâns Fryslân Karel V as lânhear akseptearre hie. Dêrmei kamen Fryslân en Hollân as lykweardige gewesten ûnder it Boergondysk bewâld.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]