Slach by Skoattersyl

Ut Wikipedy
Slach by Skoattersyl
datum: 29 augustus 1396
plak: Skoattersyl
útkomst: Oerwinning fan de Hollânske greve
konfliktpartijen
Hollânske greve Friezen
befelhawwers
Albrecht fan Beieren Juw Juwinga

De Slach by Skoattersyl wie in fjildslach tusken it leger fan de Hollânske greve hartoch Albrecht fan Beieren tsjin in Fryske striidmacht ûnder oanfiering fan potestaat Juw Juwinga. De slach fûn plak op 29 augustus 1396 by it buorskip Skoattersyl en duorre twa dagen. It gefjocht waard de dea foar tûzenen striders en is úteinlik wûn troch de Hollânske greve.

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al earder hienen Hollânske greven besocht harren greeflike oanspraken op Fryslân wier te meitsjen. De fjildtochten dy't Albrecht fan Beieren tusken 1398 en 1401 tsjin de Friezen makke moatte yn dat ramt sjoen wurde.

Hartoch Albrecht hie him ûnder syn regear al ferskate kearen drok dwaande holden mei alderlei krigen. De fjildtocht dy't er mei syn soan tsjin de Friezen op tou sette, hie wol wat it karakter fan in krústocht dêr't Henegouske en Beierske ridders en Frânske militêren en Ingelske bôgesjitters oan mei dienen. It risseltaat wie in foar dy tiid geweldich grut leger, mei as doel foar altiten in ein te meitsjen oan de Fryske frijheid yn Fryslân.

De slach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1396 hie Albracht syn leger op oarder en by De Kúnder kaam er oan wâl. Hy sette him op wei rjochting Skoattersyl, dêr't op it stelde stuit in grut Frysk leger ûnder lieding fan Juw Juwinga nei it suden ta luts. Op 29 augustus 1396 makken beide legers kontakt mei inoar en ûntstienen fûle gefjochten hinne en wer. De Hollânske greve brûkte yn de slach muzikanten dy't troch trompetsjen de befellen fan Albrecht oan syn soldaten troch jûnen. Sy wienen dêrtroch in wichtich doelwyt foar de Friezen.

Twa dagen lang waard der fûleindich fjochten oant de slach yn it foardiel fan it Hollânske leger einige dat folle grutter wie as it Fryske leger. Mear as tûzen Friezen wiene doe sneuvele en ek de Fryske oanfierder Juw Juwinga hie it libben derby yn sketten. Oan de oare kant hienen ek de Beiersen grutte ferliezen laat en in protte minsken ferlern, mooglik ek tûzenen.

Uteinlik sette de oerwinning net folle seadden oan de dyk. Mûglik hat it grutte tal deaden hjir meispile; mûglik wie it idee fan in krústocht dy't it Fryske probleem oplosse soe teloargongen; faaks wie it ek te dreech om it grutte leger yn fijannich gebiet te befoarriedzjen. Yn alle gefallen luts de Hollânske greve him nei in dei as tsien al wer werom nei Hollân.

Neiskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twa jier nei de oerwinning kearde Albrecht werom nei Fryslân. Diskear slagge hy foar koarte tiid (tusken 1398-1400) der wol yn syn gesach oer Fryslân te festigjen. Lykwols duorre dat mar even, want yn 1400 hienen de Friezen syn bewâld al wer oan de kant skood. Foar in tredde kear luts er op nei Fryslân mei in kriichsmacht, wat yn 1401 resultearre yn de Frede fan Boalsert.

Uteinlik hawwe de fjildtochten fan Albrecht him net folle opsmiten want yn 1414 hienen de Friezen de Hollanners út har lêste steunpunt yn Fryslân ferdreaun (Starum).

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Grijp, L.P., Een muziekgeschiedenis der Nederlanden, side 34, Amsterdam University Press, 2001.
  • Boer, D.E.H. en Marsilje, J.W., De Nederlanden in de late Middeleeuwen, Utrecht, 1987.