Willem IV fan Hollân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
ôfbylding fan Willem IV

Willem IV ? 1307 - 26 septimber - 1345 by Starum, wie greve fan Hollân en Seelân en as Willem II, greve fan Henegouwen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Oer Willem IV is net folle bekend. Hy stiet bekend as Willem de Dryste en moat in drystmoedige ridder west hawwe. Op 7 juny 1340 joech hy stedsrjochten oan Rotterdam.

Oer syn dea yn de Slach by Warns op 26 septimber 1345 is wol mear bekend. Tegearre mei syn omke, Hartoch Jan fan Beaumont, luts hy op nei Fryslân. By it Sint Odulfuskleaster by Starum liet hy in sterke festing bouwe. Yn it harnas, mar sûnder hynders, foel er plonderjend Fryslân yn. Mar de pleatslike befolking hie liet harren yn in leach rinne en yn it sompige lânskip waard it Hollânske leger ferneatigjend ferslein. Yn de slach skeat Willem sels it libben der by yn.

Willem hie gjin bern by syn frou Johanna fan Brabân en waard opfolge troch syn suster Margareta fan Beieren, de frou fan de Dûtske Keizer Loadewyk. De hearskippij soe liede ta de Hoekske en Kabbeljauske twisten.