Margareta fan Beieren

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Marguerite II de Hainaut.png
Margaretha fan Beieren
Margryt fan Hollân en Seelân
Margaretha II fan Henegouwen
Frou fan Fryslân
libben
berne ? - 1310
ferstoarn 23 juny - 1356
heit Willem III fan Hollân
mem Johanna fan Falois
houlik
datum 26 febrewaris - 1324 yn Keulen
partner Loadewyk IV fan it Hillige Roomske Ryk ( Loadewyk de Beier)
bern 1 - Loadewyk VI fan Beieren
2 - Willem V fan Hollân
3 - Albrecht fan Beieren
4 - Otto V fan Beieren
Greve fan Hollân en Seelân en Henegouwen
perioade 1345 - 1354
foargonger Willem IV
opfolger Willem V
Armoiries Hainaut Moderne.png
Hûs Hollân-Henegouwen

Margaretha fan Beieren, ek wol Margaretha fan Hollân, Seelân en Henegouwen of Margryt neamd (1310 - 23 juny 1356) wie greve fan Hollân en Seelân (1345-1354) en Henegouwen (1345-1356).

Sy wie in dochter fan Willem III fan Hollân en Johanna fan Falois. Se troude op 26 febrewaris 1324 yn Keulen mei de Dútske keizer Loadewyk de Beier.

Margaretha waard grevinne neidat har broer Willem IV sûnder bern sneuvele yn de Slach by Warns. Margaretha har twadde soan, de lettere greve Willem V, wie de rjochtmjittige troanopfolger mar hy wie noch te jong.

Tusken oanhingers fan Margaretha en oanhingers fan Willem V brutsen yn 1349 konflikten út. Dit soe de skiednis yn gean as de Hoekske en Kabeljauske rúzje. De earste slaggen waarden wûn troch oanhingers fan Willem V, wêrnei't Margaretha yn 1354 ôfstân die fan har macht yn Hollân en Seelân. Nei har ferstjerren erve Willem V ek Henegouwen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]