Slach by Warns
|
||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach by Warns wie op 26 septimber 1345 tusken in legermacht fan de Friezen en it leger fan de Hollanske greve Willem fan Henegouwen. De Friezen behelle de oerwinning yn de slach wat tsjintwurdich noch alle jierren betocht wurdt.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Eftergrûn
Binnen it Hillige Roomske Ryk hienen de Fryske gebieten in sterke ûntwikkeling trochmakke nei autonomy, de saneamde Fryske Frijheid. Dizze ûntwikkeling wie it sterkst te westen fan de Lauwers. Yn de tsjintwurdige provinsje Fryslân waard oant en mei fier yn de 13e ieu in foarm fan greeflik gesach útoefene troch de biskop fan Utert en de Hollânske greve. Benammen de Hollânske greven besochten út en troch har oergesach te festigjen troch belestingen yn te fieren en alhiele kontrôle op de rjochtspraak.
[bewurkje seksje] De slach
Op 26 septimber 1345 kaam in grutte float ûnder lieding fan Greve Willem fan Henegouwen en Hartoch Jan fan Beaumont út Hollân nei Starum ta, om Fryslân te feroverjen. Earst Starum mar ris, wie it doel, om't se tochten dat fan it Sint Odulphuskleaster in moai fort te meitsjen wie. Om't de boaten sa fol sieten mei minsken en proviand, hiene de ridders harren hynders thús litten.
Wylst Beaumont goed oan lân kaam en al gau by it kleaster wie, rûn it mei Fan Henegouwen in stik minder goed. Hy soe mei syn mannen fan de oare kant ôf nei Starum komme. It ferlitten Laaksum waard yn'e brân stutsen, krekt lykas Warns. Dy fan Laaksum en Warns soene wol yn Starum wêze, moat Willem tocht hawwe. Mar ynienen wiene de Warnsers oeral en foelen de ridders yn harren harnassen, dy't sa sûnder hynders mear lêst as gemak wiene, oan. Werom nei Laaksum koe net, dêr wie't ek ynienen allegear folk. Der wie noch mar ien útwei, mar dat bliek de 'Ferkearde wei' te wêzen. Dy late net nei Starum, mar it moeras yn, rjochting it Reaklif. In soad soldaten kamen om, ek Greve Willem.
Doe't de mannen fan Beaumont it hearden, rekken se yn panyk en besochten mei de boaten wer nei de oare kant fan de Sudersee te flechtsjen. Dat slagge úteinlik in lyts ploechje.
[bewurkje seksje] Betinking
Grif sille in soad minsken by it hearren fan de Slach by Warns fuortendaliks tinke oan de rigel 'leaver dea as slaef'. Dy rigel is te finen op de tinkstien op it Reaklif by Warns, dêr't alle jierren op de lêste sneon fan septimber de 'Slach' betocht wurdt. It Reaklif leit likernôch 20 meter boppe NAP.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|