Willem VI fan Hollân
Ut Wikipedy
Willem fan Oostervant (Den Haach 5 april 1365 - 31 maaie 1417) wie as Willem VI greve fan Hollân en Seelân, as Willem II hartoch fan Beieren-Straubing en as Willem IV greve fan Henegouwen.
[bewurkje seksje] Skiednis
Willem wie de soan fan Albrecht fan Beieren en Margaretha fan Brieg. Hy spile in rol yn de Hoekske en Kabbeljauwske twisten wêrby't hy him fersette tsjin syn heit. Hy wie wierskynlik ferantwurdlik foar de moard op dy syn minnaresse Aleid fan Poelgeest (1392). Heit en soan fersoenen har yn 1394. Willem waard opfolge troch syn dochter Jacoba.
[bewurkje seksje] Famylje
Hy troude mei Margareta fan Boergonje en se krigen 1 dochter: