Jacoba fan Beieren

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jacqueline de Bavière.png
Jacoba fan Beieren
libben
berne 16 july - 1401
(Le Quesnoy - Henegouwen)
ferstoarn 9 oktober - 1436
(Teijlingen by Sassenheim)
heit Willem VI fan Hollân
mem Margaretha fan Boergonje
houlik 1
datum ? - 1416
partner Jan fan Touraine
bern gjin
houlik 2
datum ? - 1418
partner Jan IV fan Brabân
bern gjin
houlik 3
datum ? - 1422
partner Humphrey fan Gloucester
bern gjin
houlik 4
datum ? 1432 én 1434
partner Frank fan Borsele
bern gjin
Hartoginne fan Beieren
perioade 1417 - 1436
foargonger Willem VI
opfolger Filips fan Boergonje
Greve fan Hollân en Seelân en Henegouwen
perioade 1417 - 1436
foargonger Willem VI fan Hollân
opfolger Filips fan Boergonje
Armoiries Hainaut-Bavière.png
Hûs Wittelsbach

Jacoba fan Beieren (Le Quesnoy, Henegouwen, 16 july 1401Teijlingen, by Sassenheim, 9 oktober 1436) wie greve fan Hollân en Seelân, Henegouwen en hartoch fan Beieren.

De earste jierren[bewurkje seksje | edit source]

Op 15-jierrige leeftyd trout se mei de Frânske prins Jan fan Touraine, dy’t yn jannewaris 1417 ferstjert. Fermoedlik troch fergif. Yn 1417 ferstoar har heit greve Willem VI. Sy folge har heit op, mar har omke, de Luikske biskop Jan fan Beieren krige Hollân tawiisd fan de Dútske Keizer Sigismund. De striid tusken Jacoba en Jan betsjutte in oplibbing fan de Hoekske en Kabbeljauske twisten.

Yn 1418 troude Jacoba fan Beieren mei har neef, Jan IV fan Brabân. Se krigen hjirfoar tastimming fan de Paus. Der wie in soad protest tsjin it houlik, sa wienen ûnder oare Hollân en Seelân tsjin. Under druk fan keizer Sigismund waard de pauslike tastimming ynlutsen. Omdat hy syn finansjele ferplichtingen net neikomme koe, ferhierde Jan IV it grûngebiet fan Jacoba foar 12 jier oan har fijân Jan fan Beieren. Jacoba liet doe it houlik ûnjildich ferklearje en gie nei Ingelân ta, wêr't sy yn 1422 troude mei Humphrey fan Gloucester.

Tegearre mei Humprey gie sy yn 1424 werom nei Hollân om de striid oan te gean tsjin har eks-man Jan IV, dy’t stipe waard troch Filips fan Boergonje (Filips de Goede). Doe't Hymprey har yn 1425 yn de stiik lit foar in hofdame, joech Jacoba fan Beieren de striid op. Se joech har oer oan Philips fan Boergonje en waard yn Gint finzen setten.

Fernijde striid[bewurkje seksje | edit source]

Doe't har omke Jan fan Beieren ferstoar, kamen syn gebieten yn hannen fan Philips fan Boergonje. Jan IV waard greve fan Hollân en Seelân. De Hoeken fersetten har hjirtsjin en befrijden Jacoba fan Beieren. De eallju (leden fan it skuttersgilde “Sint Joaris” fan Heusden Spiering en Aalburch) slaggen der yn Jacoba fan Beieren te moetsjen en tegearre mei har waard in ûntsnappingsplan makke. Jacoba en har keamenier ferklaaiden har yn mânljusklean en rûnen simpel it kastiel út. Bûten wachte Spiering yn Aalburch mei hynders en it fjouwertal wist te ûntkommen oer Breda en Woudrigem nei Fianen.

Jacoba pakt de striid tsjin Philips fan Boergonje wer op yn de trijehoek Gouda - Oudewater - Schoonhoven. Trije jier letter moat se wer frede slute. Yn dit fredesferdrach (de Tút fan Delft) waard bepaald dat Philips fan Boergonje erfgenamt wurde soe fan Jacoba fan Beieren. En dat Jacoba fan Beieren net mear trouwe mocht. Jacoba bleau yn namme noch grevinne fan Hollân mar moast al rillegau alle macht ôfstean.

In skoft letter is se dochs troud mei Frank fan Borselle. Trochdat se hjirmei it fredesferdrach skeinden, moast se definityf ôfstân dwaan fan al har macht. Se luts har werom op it slot Teylingen, wêr't se yn 1436 op 35-jierrige leeftyd ferstoar oan tuberkuloaze. It is net bekend wêr't Jacoba fan Beieren te hôf brocht is. Der binne oanwizingen dat se yn de Nederlânske herfoarme tsjerke yn Sint Maartensdyk leit. Mar mear foar de hân leit dôchs dat se yn Delft leit.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Jacoba fan Beieren