Schoonhoven
Schoonhoven is in stêd en de gemeente yn Súd-Hollân. De gemeente hat in 12.000 ynwenners (2009) en in oerflakte fan 6,96 km² (wêrfan 0,67 km² wetter). Binnen de gemeentegrinzen lizze ek de doarpskearnen fan de eardere gemeente Willige Langerak en in diel fan it buorskip Bovenberg.
Ynhâld |
Lizzing [bewurkje seksje]
Schoonhoven leit ten noarden fan de Lek en der is in fearpont foar auto's en fytsen. De stêd hat in skildereftich sintrum mei smelle grêften en in soad grien. Schoonhoven is bekend troch syn sulversmidten en sulveryndustry.
Skiednis [bewurkje seksje]
Schoonhoven waard yn 1247 foar it earst neamd as Sconhouen. Yn 1375 en in july 1518 wienen der grutte stedsbrannen. Yn 1575 waard Schoonhoven ferovere troch de Hartoch fan Alva, dy't lykwols twa jier letter hiel Hollân opjoech.
Al yn de 17e ieu wienen der bekende sulversmidten. Schoonhoven hat anno 2009 noch in ynternasjonale Sulverskoalle. De stêd stiet dan ek bekend as de Sulverstêd.
It besjen wurdich [bewurkje seksje]
- It Nederlânsk Goud-, Sulver- en Klokkemuseum.
- De 17e ieuske Fearpoarte.
- It stedhûs fan Schoonhoven hat in 50 klokken tellend klokkespul. It oarspronklik yn goatyske styl útfierde gebou komt út de 15e ieu mar waard by restauraasjes yn 1776 en 1927 sterk wizige, wêrtroch fan it oarspronklike karakter net folle oer is.
- De Grutte of Bartholomeustsjerke. Yn 1775 waard in kanon, dat Olivier fan Noort oan de stêd skonken hie, omraand ta inkele klokken dy't tsjinst dogge yn it klokkespul fan it stêdhûs. De grutste klok hat as ynskripsje: Myn schor geloey op reys, voor dapperen van Noort, klinkt na een lange rust, thans in een fray akkoort.. Hoewol't yn in artikel oer Olivier fan Noort op de webside fan it streekargyf Midden Hollân sprutsen wurdt oer it klokkespul fan de tsjerke blykt it oer it klokkespul fan it stedhûs te gean.
- Yn de 18e ieuske eardere synagoge sit, ûnder de namme Edelambachtshuys, in museum foar Schoonhovens sulverwurk.
- It Stedsnôtpakhûs, in 16e ieusk pakhûs foar nôtopslach.
Sittenferdieling gemeenteried [bewurkje seksje]
- Gemeentebelangen 4 sitten
- PvdA 3 sitten
- CDA 2 sitten
- VVD 2 sitten
- SGP/KristenUny 2 sitten
- GrienLinks 2 sitten
Berne of opgroeid yn Schoonhoven [bewurkje seksje]
- Jan fan Schoonhoven (±. 1356), skriuwer
- Marigje Arriens (± 1527), krûdewyfke, as heks ferbaarnd yn 1591
- Reinier de Graaf (1641), arts en anatoom
- Johannes Hazeu Cornelisz (1755), skriuwer
- Servaas de Bruin (1821), skriuwer
- Gert van de Lagemaat (1947), sologitarist fan Beautiful Garden (1970-1973)
- Kees Koudstaal (1 april 1959), fuotballer fan DS'79, 1ste divyzje en earedivyzje
- Helga van Leur (8 septimber 1970), waarfrou
- Chantal de Bruijn (13 febrewaris 1976), hockeyynternational
- Kurt van de Nes (24 augustus 1968), triatleet
- Jamai Loman (30 juny 1986) winner earste edysje fan Idols op RTL 4
- Jan Arie van der Heijden (3 maart 1988), fuotballer fan Ajax, jeugdynternational
Ferskaat [bewurkje seksje]
- Yn de jierren tachtich fan de foarrige ieu waarden ûnder mear ôfleveringen foar it berneprogramma Bassie en Adriaan yn de stêd opnomd.
- It berneprogramma Villa Achterwerk waard oant ein jierren njoggentich yn it sintrum fan de stêd opnomd. Yn 2005 kaam it programma werom yn Schoonhoven, op in oare lokaasje yn it sintrum.
-
De Fearpoarte
-
De wettertoer