Willem III fan Hollân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ofbylding fan Willem III

Willem de Goede (1287Valenciennes, 7 juny 1337) wie, fan 1304 oant syn dea, as Willem I greve fan Henegouwen, en as Willem III greve fan Hollân en Seelân. Hy krige de namme de “Goede” omdat er frede besocht te brengen yn Nederlân en ûnder syn bewâld it regear allegear effisjinter waard.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Foardat hy syn heit opfolge naam hy as santjinjierrige diel oan de Slach by Sieriksee yn 1304 tsjin it greefskip Flaanderen.

Hy folge syn heit, greve Jan II fan Avesnes, op en gie troch mei de striid tsjin de Flaamske erffijânen mei wikseljende fûlbannigens oant de Frede fan Parys op 6 maart 1326. By dizze frede seach de greve fan Flaanderen ôf fan alle lienhearskippij oer Seelân, dat westlik fan de Skelde lei. Willem wie doe winlik master yn it Prinsbisdom Utert en hy wreide syn macht yn Fryslân út.

Willem wie legeroanfierder fan it Frânske leger yn de Slach by Kassel yn 1328. It Frânske leger fersloech de Flamingen ûnder Nicolaas Zannekin doe’t sy rebellearren tsjin harren greve Loadewyk fan Nevers.

Under de Nederlânske foarsten wie Willem de ynfloedrykste bûnsgenoat, dit waard hy troch houliksalliânsjes. Hy waard wol de skoanheit fan Jeropa neamd. Loadewyk IV fan Beieren, dy’t syn ferkiezing ûnder oaren te tanken hie oan Willem, troude yn 1324 mei syn dochter Margareta, wylst de jongere dochter Johanna oan de Gulikse troanopfolger úthoulike waard. Edward III koe mei syn help de Ingelske kroan krije en troude mei syn tredde dochter, Filippa fan Henegouwen. Sels wie Willem op 19 maaie 1305 troud mei Johanna fan Falois, in suster fan de Kening fan Frankryk Filips VI.

Nei de dea fan Willem gie syn widdo Johanna yn it kleaster fan Fontenelle, wêr’t sy yn 1352 ferstoar.

Bern[bewurkje seksje | edit source]

wapen