Grutte Stoarm

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Grutte Stoarm, ek wol de Sint-Lusiafloed, wie in wettersneed dy't plakfûn yn de nacht fan 13 desimber op 14 desimber 1287.

De ramp trof foaral de súdlike kust fan de Noardsee, Fryslân, Grinslân en East-Fryslân, mar ek East-Anglia. De gefolgen wienen ôfgryslik. It westlike bekken fan de Waadsee waard foarme, dêr't it eilân Gryn hast hielendal by ferdwûn. Dizze nij ûntstiene see krong hielendal troch oant de Flevomar, wêrtroch't West-Fryslân foargoed skieden waard fan it hjoeddeiske Fryslân, en de Flevomar ta Sudersee waard. Ek yn East-Fryslân kringt de see yn it lân en ferdwynt lân. Hiele doarpen ferdwine foar altiten yn de weagen, en noch mear moatte ferlitten wurde yn gebieten dêr't it feanlân troch de feroarings te slim bedrige rekket troch de see.

It krekte oantal slachtoffers is net dúdlik; skattings rinne fan 50 tûzen oant 80 tûzen minsken. Dat wie yn dy tiid in ûnfoarstelber grut ferlies fan minskelibben. Ta fergelyk: binnen de hjoeddeiske grinzen fan Nederlân libben yn dy tiid likernôch in heal miljoen minsken.

Gefolgen[bewurkje seksje | edit source]

  • De Heidensee ûntstie en makke de Flevomar ta Sudersee.
  • West-Fryslân waard skieden fan Fryslân.
  • Troch it grutte tal slachtoffers yn de Frysktalige gebieten naam it brûken fan de Fryske taal ôf. Yn Noard-Hollân, Denemarken en it noarden fan Dútslân soe it Frysk sawat ferdwine.
  • It earste begjin fan de Doalert en de Jadeboezem.

Namme[bewurkje seksje | edit source]

De stoarm hjit de Grutte Stoarm om't it de slimste wettersneed is dy't Fryslân ea troffen hat, mûglik de stoarm dy't it meast bydroegen hat ta it ûntstean fan de Waadsee.

De namme Sint-Lusiafloed komt de datum: de dei dêr't de stoarm op begûn, 13 desimber, is de nammedei fan Sint Lusia.