Elía

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Elia")
Gean nei: navigaasje, sykje

Elía is ien fan de grutte profeten dêr't yn de de Bibel oer skreaun wurdt. Oer syn libben wurdt ferhale yn de boeken 1 en 2 Keningen. Hy libbe yn de 8e ieu foar it bejin fan ús jiertelling, doe't it folk fan Israel wer op 'e nij begûn mei it ferearjen fan ôfgoaden.

Elía ferstoar net op in gewoane wize, mar waard yn 'e himel opnommen. Syn opfolger Eliza wie fan dat barren tsjûge.

Elia yn it Nije Testamint[bewurkje seksje | edit source]

Jezus sei tsjin syn harkers dat Jehannes de Doper Elía wie, dy't werom komme soe (Mattéus 11:14 en 17:12). Fierders fertelde hy: Elia sil komme en alles werstelje (Mattéus 17:11). Dizze lêste útspraak soe betsjutte dat Elía op 'e nij komme sil om alles te wersteljen.

Yn Mattéus 17:1-13 (de ferhearliking op de berch) wurdt ferteld oer in barren wêrby't Jezus, neidat er mei Petrus, Jakobus en Jehannes de berch Tabor opklommen hie, troch God, dy't fanút in wolk ta him sprekt, yn syn Soanskip befêstige wurdt. De dissipelen binne op dat stuit tsjûgen fan in tafreel wêrby't Jezus troch Elía en Mozes flankearre wurdt.