Bremerheide

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Cytisus scoparius
bremerheide

Bremerheide (Cytisus scoparius) is in strûk út de flinterblommenfamylje (Leguminosae) dy't in soad liket op de hoannespoar, mar gjin stikels hat. De strûk kin wol 2 meter heech wurde. De tûken en wigen binne ffiifkantich en net behierre. At ynsekten de op de blommen komme, wurdt it stomoal op harren afsjitten. Bremerheide komt tige algemien foar, benammen op sângrûn, heidefjilden, dunen en oan spoardiken.

Brem hat net folle blêden en binne mar lyts. De ûnderste binne trijetallich hânfoarmich gearstald, de boppeste inkelfâldich. De bledsjes falle gau ôf, mar de tûken bliuwe lykwols grien. Bremerheide hat hânfoarmich gearstalde blêden.

De blommen binne goudgiel en ± 2 sm lang. Se foarmje losse strusen. De blomstâlen binne ± 1 sm lang. De styl is oprôle. Bremerheide bloeit yn maaie en juny.

Bremerheide draacht in swarte pûl fan 2,5-4 sm lang. Allinnich de rânen fan de pûlen binne behierre, de rest is keal.

Gebrûk[bewurkje seksje | edit source]

  • Fan de twigen fan bremerheide kinne biezems makke wurde. Yn it ferline waard de rizel fan de plant yn tiden fan krapte brûkt as ferfanger fan jute.
  • Yn bremerheide sit it fergiftige sparteïne dat in stimulearjende wurking hat op it hert. Yn de fytoterapy wurdt de plant dêrom ek brûkt by hertswakte. Ek wurdt bremerheide brûkt by lichte reumatyske oandwanings.


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hüsstege G. (1976). Zakflora voor bos en heide. Helmond/Antwerpen: Utjouwerij Helmond/Standaard Uitgeverij.
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Cytisus scoparius en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.