Mishnah

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mishnah
oarspr. titel משנה ("Mišnah")
auteur ferskaat
taal Hebrieusk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 1e ieu f.Kr.220 n.Kr.

De Mishnah, yn it Hebrieusk: משנה, Mišnah, wat "werhelling" betsjut, is ien fan 'e wichtichste religieuze teksten fan it rabbinale joadendom, dy't tegearre mei de Gemara de (Babyloanyske) Talmoed foarmet. It is de earste skreaune kompilaasje fan 'e mûnlinge wet fan it joadendom, de Mûnlinge Torah. De Mishnah datearret fan 'e perioade fan 'e earste ieu f.Kr. oant de twadde ieu n.Kr., en de gearstalling derfan waard yn it jier 220 foltôge troch de rabbyn Yehudah haNasi om foar te kommen dat de mûnling oerlevere tradysjes fan it joadendom ferlern gean soene.

De Mishnah wurdt ek wol oantsjut as Šas, wat in ôfkoarting is fan šiša sedarīm, dat "seis oarders" betsjut en ferwiist nei de seisfâlde yndieling fan 'e âlde Mûnlinge Torah. Oars as de Gemara, dy't foar it measte part Arameesktalich is, is de Mishnah yn it Hebrieusk skreaun, yn in taalfariant dy't troch taalkundigen Mishnaysk Hebrieusk neamd wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.