Mûnlinge Torah

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Mûnlinge Torah, yn it Hebrieusk: תורה שבעל פה, Ṯorah Ševe'al Feh, omfettet de joadske wet mei de tradysjonele ynterpretaasje dêrfan, sa't dy troch mûnlinge oerlevering fan generaasje op generaasje trochjûn is ûnder de preesters en rabbinen fan 'e Joaden. Neffens de leginde soe dat keatling fan oerlevering hielendal weromgean oant de berch Sinaï, dêr't de profeet Mozes him yn persiis deselde foarm fan God sels ûntfongen hawwe soe, tagelyk mei de skreaune Torah. Uteinlik waard dizze mûnlinge tradysje yn 'e perioade fan 'e earste ieu f.Kr. oant de twadde ieu n.Kr. skriftlik fêstlein yn 'e Mishnah, wylst de stúdzje derfan yn 'e ieuwen dêrnei fêstlein waard yn 'e Gemara. Tegearre foarmen de Mishnah en de Gemara de Talmoed.

De rabbinen fan it Talmoedyske tiidrek seagen de Mûnlinge Torah op twa ûnderskate manearen: yn it foarste plak as in ûnûnderbrutsen keatling fan oerlevering dy't weromgie op Mozes en úteinlik op God sels, mar yn it oarde plak ek as in ferklearjende tradysje dy't mear wie as ienfâldichwei út 'e holle learde kennis. Yn dit opsjoch beskôgen se de Torah as in tekst mei withoefolle ferburgen betsjuttings, en neffens harren wie it oan lettere generaasjes oerlitten om 'e betsjuttings te ûntdekken dy't net eigenhandich troch Mozes werjûn wiene.